1810
Iuwen: | 14e | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e iuw | 20e | 21e | 22e | 23e | 24e |
Jierren: | 1805 | 1806 | 1807 | 1808 | 1809 | 1810 | 1811 | 1812 | 1813 | 1814 | 1815 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1810 MDCCCX |
Ab urbe condita | 2563 |
Armeenske kalinder | 1259 ԹՎ ՌՄԾԹ |
Etiopyske kalinder | 1802 – 1803 |
Hebriuwske kalinder | 5570 – 5571 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1865 – 1866 |
- Shaka Samvat | 1732 – 1733 |
- Kali Yuga | 4911 – 4912 |
Iraanske kalinder | 1188 – 1189 |
Islamityske kalinder | 1225 – 1225 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 12 dgn. |
Sineeske kalinder | 4506 – 4507 丙巳 – 丁午 |
1810 is in gewoan jier dat begjint mei in moandei. (Gregoriaanske kalinder foar 1810.)
Foarfallen
- jannewaris
- 14 - Ferdrach yn Parys tusken Frankryk en it keninkryk Westfalen. It eardere karfoarstendom Hannover wurdt benei folslein oan Westfalen taheakke.
- febrewaris
- 16 - Ferdrach yn Parys tusken Frankryk en de foarst-primaat. It eardere prinsbisdom Regensburg wurdt oan Frankryk ôfstien. Frankryk stiet it meastepart fan it greefskip Hanau en it eardere prinsbisdom Fulda ôf. De kriten fan de foarst-primaat wurde ferienige yn it gruthartochdom Frankfurt. Jin hawwe Eugène de Beauharnais op it each as opfolger fan de foarst-primaat.
- 20 - De Tiroolske opstannelinge-oanfierder Andreas Hofer wurdt troch in Frânske kriichsrie ta de dea feroardiele en eksekutearre.
- 28 - Ferdrach yn Parys tusken Frankryk en it keninkryk Beieren. It Italjaansk pratend part fan Tirol wurdt troch Beieren oan Frankryk ôfstien. Beieren krijt Salzburg, de proasdij Berchtesgaden, it foarstendom Regensburg en it foarstendom Bayreuth tasein.
- maaie
- 9 - It vorstendom Regensburg wurdt troch de foarst-primaat oerdroegen oan Frankryk.
- 11 - Ferdrach tusken Frankryk en Hessen-Darmstadt. Part fan it greefskip Hanau wurdt oan Hessen-Darmstadt oerdroegen.
- 15 - Fulda en Hanau wurde oerdien oan it gruthartochdom Frankfurt.
- 18 - Ferdrach yn Parys tusken de keninkriken Beieren en Württemberg, grinsferoarings wurde regele.
- 22 - It foarstendom Regensburg wurdt troch Frankryk oerdroegen oan it keninkryk Beieren.
- 25 - Ynwenners fan Buenos Aires ferdriuwe de Spaanske ûnderkening.
- 26 - Ferdrach yn Parys tusken it keninkryk Beieren en it gruthartochdom Würzburg, grinsferoarings wurde fêstlein.
- juny
- 7 - Yn Bolzano wurdt de grutte fêststeld fan it Italjaansk pratend part fan Tirol dat troch it keninkryk Beieren oan Frankryk ôfstien wurde moat.
- 23 - Beiers patint oer it ôfstean fan in part fan Tirol.
- 29 - Frankryk draacht it Bayreuth oer oan it keninkryk Beieren.
- july
- 3 - Loadwyk Napoleon Bonaparte ferlit, beselskippe fan generaal Travers en admiraal Treslong syn Hollânske keninkryk.
- 9 - It Keninkryk Hollân wurdt troch Napoleon by dekreet anneksearre. Dat betsjut dat ek Nederlânske jonges no ûnder de Frânske tsjinstplicht falle. Tagelyk wurdt ek de tiërcering ôfkundige. Dat hie te betsjutten dat noch mar in tredde fan de rinte oer de steatsskuld betelle waard.
- 20 - Kolombia wurdt ûnôfhinklik.
- septimber
- 8 Ferdrach yn Parys tusken de gruthartochdommen Baden en Hessen-Darmstadt, grinsferoarings wurde regele.
- 12 - Oerdracht troch Frankryk oan it keninkryk Beieren fan Salzburg, de proasdij Berchtesgaden en it Innviertel
- 16 - Grito de Dolores: Miguel Hidalgo ropt op ta ûnôfhinklikens foar Meksiko.
- 18 - Sily wurdt ûnôfhinklik.
- oktober
- 2 - Ferdrach yn Parys tusken it keninkryk Württemberg en it gruthartochdom Baden, dêr't grinsferoaringen yn regele wurde. Baden krijt û.o. it lângreefskip Nellenburg.
- 17 - Mei it houlik fan kroanprins Loadewyk I fan Beieren ûntstiet de tradysje fan de Oktoberfeesten yn München.
- desimber
- 13 - Senaatsbeslút oer de ynliving fan Hollân, de Hânzestêden, Lauenburg en krite yn noardwest Dútslân. It giet om it keninkryk Hollân, mei East-Fryslân, de hearlikheden Jever, Kniphausen en Varel, dêr't 9 july al in dekreet oer ôfkundige wie. Fan it gruthartochdom Berg it eardere hartochdom Kleef, in part fan it eardere prinsbisdom Münster, it greefskip Tecklenburg en it greefskip Lingen. It foarstendom Salm mei de rykshearlikheid Gemen. Fan it hartochdom Arenberg de amten Meppen en Dülmen. It hartochdom Oldenburg. Fan it keninkryk Westfalen it eardere prinsbisdom Osnabrück, de helte fan it foarstendom Minden, it greefskip Hoya, it greefskip Diepholz, it hartochdom Bremen, it foarstendom Verden, in part fan Brunswyk-Lüneburg en it eardere greefskip Schaumburg. Fierders it hartochdom Lauenburg en de Hânzestêden Bremen, Hamburch en Lübeck.
- 22 - De HMS Minotaur rint op in sânbank ûnder Teksel en fergiet, 570 deaden.
- gjin datum
- Yusuf Qaramanli fan Tripolitanië hâldt in fjildtocht nei Ghadames om kontrôle te krijen op de slavehannel fan de Tûareg.
- Hendrik Doeff, de Nederlânske direkteur fan Dejima wegeret om de koloanje oan de Ingelsken oer te jaan.
- De Prusyske generaal Ernst von Pfuel stichtet yn Praach de earste militêre swimskoalle yn de wrâld.
- As ienich goa komt Fryslân werom op de kaart en kriget fannijs de eigen namme, mar wol yn it Frânsk: "Departement de Frise".
- Arizona wurdt ûnderdiel fan Meksiko.
Berne
- 5 febrewaris - Ole Bull, Noarsk komponist († 1880)
- 1 maart - Frederic Chopin, Poalsk komponist en pianist († 1849)
- 2 maart - paus Leo XIII († 1903)
- 7 maart - John Stronach, Skotsk predikant en sindeling († 1888)
- 9 maaie - Marianne fan Oranje-Nassau, prinsesse fan 'e Nederlannen († 1883)
- 8 juny - Robert Schumann, Dútsk komponist en pianist († 1856)
- 26 augustus - Marten Annes Ypma, Frysk predikant († 1861)
- 11 desimber - Louis Charles Alfred de Musset, Frânsk dichter, toaniel- en romanskriuwer († 1857)
- datum ûnbekend
- Lytse Krie (Little Crow), opperhaad fan 'e Eastlike Dakota († 1863)
- Lytse Raven (Little Raven), opperhaad fan 'e Súdlike Arapaho († 1889)
- Stomp Mês (Dull Knife), opperhaad fan 'e Noardlike Sjajinnen († 1883)
Ferstoarn
- 23 jannewaris - John Hoppner, Ingelsk keunstskilder (* 1758)
- 23 jannewaris - Johann Wilhelm Ritter, Dútsk skie- en natuerkundige (* 1776)
- 24 febrewaris - Henry Cavendish, Ingelsk natuerkundige en skiekundige (* 1731)
- 5 augustus - Gadso Coopmans, Frysk medikus en dichter (* 1746)
- 25 oktober - Eelke Meinerts, Frysk skoalmaster, dichter en boer (* 1732)
- 18 novimber - Johannes Mulder, Frysk ferloskundige (* 1769)
- 10 desimber - Johann Christian Daniel von Schreber, Dútsk medikus en natuerûndersiker (* 1739)
Jierren: | 1805 | 1806 | 1807 | 1808 | 1809 | 1810 | 1811 | 1812 | 1813 | 1814 | 1815 |
Iuwen: | 14e | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e iuw | 20e | 21e | 22e | 23e | 24e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|