A Saucerful of Secrets is it twadde album fan Pink Floyd. It album waard tusken 9 maaie1967 en 3 maaie1968 opnaam en op 29 juny 1968 útbrocht. It is it lêste Pink Floyd album dêr't sjonger en gitarist Syd Barrett dy't fanwegen syn ferslaving oan drugs en syn dêrtroch ûnfoarsisber gedrach ûntslein waard, op te hearren is. En it earste album mei David Gilmour dy't ynearsten by de band kaam wie ta stipe foar Barrett mar úteinliks syn ferfanger waard.