Adria Airways
Adria Airways | |||||
| |||||
In Bombardier CRJ900 fan Adria Airways (2012) | |||||
Algemien | |||||
Oprjochte | 14 maart 1961 | ||||
Haadkertier | Ljubljana, Sloveenje | ||||
Hub(s) | Lofthaven Ljubljana | ||||
Floatgrutte | 12 | ||||
Bestimmings | 25 | ||||
Loyalensprogram | Miles & More | ||||
Alliânsje(s) | Star Alliance | ||||
Kaaifigueren | Mark Anžur, direkteur | ||||
Finansjeel | |||||
Omset | €145 miljoen (2014) | ||||
Winst | €3 miljoen (2014) | ||||
Wurknimmers | 413 (31 maart 2015) | ||||
Offisjele webside | |||||
www.adria.si |
Adria Airways, foarhinne Inex-Adria Airways, is de grutste loftfeartmaatskippij fan Sloveenje. De thúshaven fan it bedriuw is de lofthaven fan Ljubljana, dêr't it eltse wike sa'n 170 flechten wei útfiert nei benammen fakânsjebestimmings oan 'e Middellânske See. Adria Airways makket diel út fan 'e loftfeartalliânsje Star Alliance.
Skiednis
Foar 1980
Adria Airways waard 14 maart 1961 oprjochte ûnder de namme Adria Aviopromet, mar it wie 1968 doe't it bedriuw omneamd waard ta Inex-Adria Aviopromet. Yn in ommesjoch waard de konkurrinsje yn Jeropa flink grutter, dat Adria moast har float fernije om oare loftfeartmaatskippijen by te bliuwen. De âlde Douglas DC-6B waard út 'e float helle en april 1969 ferfongen troch de DC-9 mei goed 150 sitplakken. It tanimmende loftferkear twong Adria ek de jierren dy't folgen ta fierdere útwreidings en modernisearrings.
Yn 'e santiger jierren fierde Adria in protte sjarterflechten út foar reisorganisaasjes út Dútslân, Frankryk, Grut-Brittanje en Skandinaavje. Bestimmings wienen oer it algemien toeristyske plakken oan 'e Adriatyske See, lykas Dubrovnik, Pula, Split en Tivat. Dochs bleau de fraach nei binnenlânske flechten oanwêzich, en Adria spile dêrop yn troch fan Ljubljana ôf nei alle grutte stêden yn Jûgoslaavje te fleanen.
1980-1999
Yn 'e iere tachtiger jierren ûntfong Adria fiif moderne fleanmasines fan it type McDonnell Douglas MD-80, dy't elts 167 passazjiers ferfiere koenen. Dizze waarden 1983 foar it earst brûkt foar de ferbinings tusken Ljubljana, Belgrado en Larnaka. In jier letter waarden nochris 48 Dash 7's fan 'e doetiidske fleanmasinebouwer de Havilland Canada oan 'e float tafoege, om ek fan 'e lytsere fleanfjilden ôf fleane te kinnen. Adria bleau har netwurk útwreidzjen nei stêden as München, Londen en Parys, en op it hichtepunt yn 1987 waarden 1.740.000 passazjiers ferfierd.
Ek yn 'e njoggentiger jierren stribbe Adria nei in moderne float om feilige, effisjinte en betelbere flechten oanbiede te kinnen. Dêrom waard fan 1989 ôf stadichoan ek mei de nije Airbus A320 flein, dy't plak hie foar 168 passazjiers. Fierders yntrodusearre Adria ferskate nije bestimmings, dy't meastentiids Jeropeeske stêden wienen. Seizoensbûne sjarterflechten brochten minsken benammen nei bestimmings yn it Middellânske Seegebiet.
Doe't 1995 it gearwurkjen mei Lufthansa begûn, waarden de âldste fleanmasines fan Adria, de MD-80's, de Dash 7's en de DC-9's, út 'e float helle. Trije jier letter kamen dêrfoar trije Bombardier CRJ200's foar yn 't plak. Dizze fleanmasines wienen ferneamd om harren miljeufreonlikens en hienen boppedat in berik dat te ferlykjen wie mei dat fan 'e Airbus A320. Maart 2000 kocht Adria nochris in fjirde CRJ200.
Nei 2000
Adria mocht fan 2002 ôf as earste Jeropeeske loftfeartmaatskippij grut ûnderhâld útfiere oan alle CRJ-tastellen fan 'e Kanadeeske fleanmasinebouwer Bombardier Aerospace. Ferskate loftfeartmaatskippijen wienen dêrtroch oanwiisd op Adria. Trije jier letter waarden de ûnderhâldswurksumheden útwreide nei de Airbus A320.
Desimber 2004 waard Adria lid fan Star Alliance, de grutste loftfeartalliânsje yn 'e wrâld.
Float
De float fan Adria Airways bestiet 6 july 2015 út 12 fleanmasines mei in gemiddelde âldens fan 9,4 jier.
Fleanmasine | Tal | Bestellings | Stuollen |
---|---|---|---|
Airbus A319-100 | 3 | 144 | |
Airbus A320-200 | 1 | 180 | |
Bombardier CRJ200 | 1 | 48 | |
Bombardier CRJ700 | 1 | 70 | |
Bombardier CRJ900 | 6 | 3 | 84 / 86 |
Totaal | 12 | 3 |