Altona is it westlike distrikt fan de stêd Hamburch yn Dútslân oan de rjochterouwer fan de Elbe. It hat in lytse 250.000 ynwenners (2006).
Ut de skiednis
Altona waard stifte yn 1535 as fiskersdoarp. Yn 1664 krige it stedsrjochten fan Freark III fan Denemark. Oant 1864 wie Altona ien fan de wichtichste Deenske havenstêden. It earste Deenske spoar, fan Altona nei Kiel waard iepene yn 1844. Yn 1867 waard Altona diel fan Prusen. Yn 1938 waard it opnaam yn de stêd Hamburch neffens de Grut-Hamburchwet. It makket noch altiten diel út fan dizze hânzestêd dy't ek in eigen dielsteat foarmet. De namme komt boppedat noch foar yn it treinstasjon Hamburg-Altona.
Op 17 july 1932 kaam Altona yn it nijs troch in gewelddiedige rebûlje, de Bluodderige Snein fan Altona, tusken nazys en kommunisten dat oan 18 minsken it libben koste hat.
Ynwennertaltal
Jier
Ynwenners
1537
60
1600
250
1620
1.500
1650
2.500
1664
3.000
1710
12.000
1769
18.050
1789
22.600
1803-02-13
23.114
1835-02-01
26.393
Jier
Ynwenners
1840-02-01
28.095
1845-02-01
32.200
1855-02-01
40.626
1860-02-01
45.524
1864-12-03
53.039
1867-12-03
67.400
1871-12-01
74.100
1875-12-01
84.097
1880-12-01
91.047
1885-12-01
104.719
Jier
Ynwenners
1890-12-01
143.249
1895-12-02
148.944
1900-12-01
161.501
1905-12-01
168.320
1910-12-01
172.628
1916-12-01
145.748
1917-12-05
144.052
1919-10-08
168.729
1925-06-12
185.135
1933-06-16
241.970
Jier
Ynwenners
1988-12-31
232.567
1990-12-31
239.231
1992-12-31
242.536
1994-12-31
242.407
1996-12-31
240.086
1998-12-31
237.243
2000-12-31
240.102
2002-12-31
241.179
2004-12-31
241.352
2006-12-31
243.972
Berne yn Altona
Carl Reinecke (1824-1910), komponist, dirigint en pianist
Axel Springer (1912 -1985), sjoernalist en útjouwer