Amsterdam (eilân)
Amsterdam of Nij-Amsterdam (Frânsk Île Amsterdam) is in Frânsk eilân yn de súdlike Yndyske Oseaan, benoardeasten de Kerguelen. It eilân is 55 km² grut en heart by de Frânske Súdlike en Antartyske Gebieden (Terres Australes et Antarctiques Françaises). It is mei it op 85 kilometer fierderop lizzend eilân Île Saint-Paul ien fan de fiif distrikten dêrfan.
Amsterdam eilân jildt as ien fan de meast ôflizzende plakken op de wrâld, foar minsken alteast. It leit fier ôf fan de fêstewâl. Foar oseaanfûgels is it in wichtige briedplak. Der komme in protte see-oaljefanten foar. Ek is der in albatrossoarte, de Amsterdameilândalbatros, dy't allinnich op dat eilân foarkomt. It is ien fan de pear eilannen yn de súdlike Yndyske Oseaan dêr't beammen waakse.
It eilân hat in rûne foarm. It heechste punt is de Mont de la Dives, in berch fan goed 881 meter. De boaiem is fan oarsprong fulkanysk en oerdutsen fan in relatyf tinne laach ierde. Troch regelmjittige delslach fan rein komme inkele swietwetterbeekjes foar dy't op sommige plakken útmûnje yn lytse sompen dêr't it wetter net wei rinne kin troch de stiennige boaiem.
-
Kaart fan Amsterdam
-
Satellytfoto fan Amsterdam
-
De Phylica arborea waakst op Amsterdam
-
Basaltslakken op it eilân