Banjul

Banjul
Binnenstêd fan Banjul, Kening Fahad Moskee en omkriten
Binnenstêd fan Banjul, Kening Fahad Moskee en omkriten
Polityk
Lân Gambia
Sifers
Ynwennertal 34.828 (2013)
Oerflak 93 km2
Befolkingsticht. (374.5/km2)
Oar
Stifting 1816
Arch 22

Banjul is de haadstêd fan Gambia. Mei 34.828 (2004) ynwenners is it ien fan de lytste haadstêden fan Afrika.

Geografy

Banjul leit yn it westen fan Gambia, tichtby de Atlantyske Oseaan op de súdkante fan in eilân dat yn de mûning fan de rivier de Gambia leit. De stêd is 2 kilometer westwerts ferbûn oan de fêstewâl troch de Dentonbrêge. De brêge oerspant de Oyster Creek, de wichtichste kreek troch it Tanbi Wetland Complex. Dizze wetlands soargje derfoar dat der bûten de wei, dy't oer de brêge giet, gjin oare tagongswegen nei Banjul rinne.

In fearboat fersoarget de ferbining nei Barra, dat op de noardouwer leit. Súdwestlik lizze op ôfstannen fan respektivelik 15 en 25 kilometer, Serekunda en it ynternasjonale fleanfjild. Serekunda is de grutste stêd fan Gambia.

Skiednis

Banjul waard stifte yn 1816 en waard oant 1973 Bathurst neamd. Eartiids hiene in protte strjitten de nammen fan helden út de Slach by Wetterloo. Yn 2003 binne alle strjitnammen werneamd nei helden fan út de ûnôfhinklikensstriid.

Nijsgjirrichheden

  • Kriichsmonumint en fontein, oprjochte ta eare fan de kroaning fan kening George VI fan Grut-Brittanje
  • Nasjonaal Museum, museum oer de archeology, etnografy en de koloniale perioade
  • Albert Merke, libbene merke dêr't ek ambachtswurk ferhandele wurdt.
  • de Arch 22, in 35 meter heech gebou mei in bôge dat de tagongspoarte foarmet nei de stêd. Hjir boppe-op hat men in goed útsjoch oer de stêd, de Gambiarivier en de Oseaan. Op it ferkearsplein foar de bôge stiet in stânbyld fan de ûnbekende soldaat, dy't in lytse poppe draacht.

Berne

  • Jatto Ceesay (16 novimber 1974), fuotballer
  • Pa-Modou Kah (30 july 1980), Noarsk fuotballer
  • Mustapha Jarju (18 july 1986), fuotballer