Bienfiskeftigen

bienfiskeftigen
In kabeljau (Gadus morhua).
In kabeljau (Gadus morhua).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
(sûnder rang): weefseldieren (Eumetazoa)
tuskenryk: twasidigen (Bilateria)
(sûnder rang): termdieren (Nephrozoa)
boppestamme: nijmûnigen (Deuterostomata)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
tuskenstamme: kaakdieren (Gnathostomata)
boppeklasse: bienfiskeftigen (Osteichthyes)
Huxley, 1880

De bienfiskeftigen (wittenskiplike namme: Osteichthyes) foarmje in boppeklasse fan it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), de stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata) en de tuskenstamme fan 'e kaakdieren (Gnathostomata). De wittenskiplike namme fan dizze taksonomyske groep komt fan it Grykske οστ, ost-, dat "bien" betsjut, en ἰχθύς, ichthys, dat "fisk" betsjut. De bienfiskeftigen, dêr't sa'n 28.000 fiskesoarten ta hearre, is hjoed oan 'e dei de grutste groep wringedieren dy't mar bestiet. De âldst bekende bienfiskeftige fossilen datearje fan 420 miljoen jier lyn. Ut 'e bienfiskeftigen hawwe har letter alle lânwringedieren (wêrûnder sûchdieren) ûntwikkele.

Skaaimerken

De bienfiskeftigen foarmje de grutste groep fan 'e fisken, en se ûnderskiede har fan oare groepen troch it hawwen fan kaken, dy't ûntbrekke by de kaakleaze fisken (Agnatha), en in skelet fan bien, dêr't de kreakbienfisken (Chondrichthyes) net oer beskikke. In oar skaaimerk fan bienfiskeftigen is dat se in swimblaas hawwe kinne, dy't helpt om yn it lichem in neutrale balâns te hâlden tusken sinken en driuwen. By in protte soarten mist sa'n swimblaas lykwols, wylst er him by de longfisken (Dipnomorpha) ûntwikkele hat ta primitive longen. Fierders hawwe bienfiskeftigen in operkulum, dat makket dat se sykhelje kinne sûnder dat se hoege te swimmen (yn tsjinstelling ta in protte kreakbienfisken, lykas haaien, dy't allegeduerigen swimmende bliuwe moatte, om't se oars stikke).

Ferdieling

De bienfiskeftigen kinne opdield wurde yn twa klassen, nammentlik de kwastfinnigen (Sarcopterygii) en de strielfinnigen (Actinopterygii). Ut 'e kwastfinnigen binne de lânwringedieren fuortkommen, en dy klasse omfiemet tsjintwurdich noch mar acht libbene soarten, mei as bekendsten de longfisken (Dipnoi) en de selakanten (Latimeria). Fierwei de grutste subgroep wurdt sadwaande foarme troch de strielfinnigen, dêr't 99,9% fan alle bienfiskeftigen ta heart. Binnen de strielfinnigen foarmje de bearseftigen (Perciformes) de grutste groep, mei 40% fan alle libbene fiskesoarten.

Klassifikaasje

In strielfinnige.
In kwastfinnige.
  • boppeklasse bienfiskeftigen (Osteichthyes)
    • klasse kwastfinnigen (Sarcopterygii)
      • ûnderklasse longfisken en fjouwerpoatigen (Rhipidistia of Dipnotetrapodomorpha)
        • tuskenklasse fjouwerpoatigen en sibben (Tetrapodomorpha)
          • famylje Rhizodontida
          • boppeskift Osteolepidida
        • tuskenklasse longfiskeftigen (Dipnomorpha)
          • ûnderklasse longfisken (Dipnoi)
            • skift Afrikaanske en Súdamerikaanske longfisken (Lepidosireniformes)
              • famylje Afrikaanske longfisken (Protopteridae)
              • famylje Súdamerikaanske longfisken (Lepidosirenidae)
            • skift Australyske longfisken (Ceratodontiformes)
      • tuskenklasse franjefinnigen (Crossopterygii)
        • skift Onychodontida
        • skift Porolepiformes
        • ûnderklasse selakanteftigen en sibben (Actinistia)
          • famylje Diplocercidae
          • famylje Hadronectoridae
          • famylje Laugiidae
          • famylje Miguashaiidae
          • famylje Rhabdodermatidae
          • skift selakanteftigen (Coelacanthiformes)
    • klasse strielfinnigen (Actinopterygii)
      • incertae sedis (yndieling ûnwis)
        • skift Peltopleuriformes
      • ûnderklasse oerstrielfinnigen (Cladistia)
        • skift Guildayichthyiformes
        • skift kwastsnoekeftigen (Polypteriformes)
      • rangleas takson echte strielfinnigen (Actinopteri)
        • ûnderklasse kreakbienganoïden (Chondrostei)
          • skift Cheirolepidiformes
          • skift Luganoiiformes
          • skift Palaeonisciformes
          • skift Perleidiformes
          • skift Phanerorhynchiformes
          • skift Pholidopleuriformes
          • skift Ptycholepiformes
          • skift Saurichthyiformes
          • skift steureftigen (Acipenseriformes)
          • skift Tarrasiiformes
        • ûnderklasse moderne bienfiskeftigen (Neopterygii)
          • tuskenklasse bienganoïden (Holostei)
            • skift biensnoekeftigen (Lepisosteiformes)
            • skift dreksnoekeftigen (Amiiformes)
          • tuskenklasse bienfisken (Teleostei)
            • boppeskift bientongfiskeftigen (Osteoglossomorpha)
              • skift bientongfisken (Osteoglossiformes)
              • skift toskhjerringeftigen (Hiodontiformes)
            • boppeskift djipseefisken (Stenopterygii) (omstriden; heart mooglik ta de salmeftigen)
              • skift djipseelobben (Ateleopodiformes)
              • skift drakefiskeftigen (Stomiiformes)
            • boppeskift hjerringfisken (Clupeomorpha)
              • skift hjerringeftigen (Clupeiformes)
            • boppeskift lantearnfiskeftigen (Scopelomorpha)
              • skift lantearnefiskeftigen (Myctophiformes)
            • boppeskift marfallen en koarpereftigen (Ostariophysi)
              • skift koarpereftigen (Cypriniformes)
              • skift koarpersalmeftigen (Characiformes)
              • skift marfaleftigen (Siluriformes)
              • skift mêsieleftigen (Gymnotiformes)
              • skift sânfiskeftigen (Gonorhynchiformes)
            • boppeskift salmfisken (Protacanthopterygii)
              • skift salmeftigen (Salmoniformes)
              • skift sânieleftigen (Argentiniformes)
              • skift snoekeftigen (Esociformes)
              • skift spjirringeftigen (Osmeriformes)
            • rangleas takson stikelfisken (Acanthomorpha)
              • boppeskift burdfiskeftigen (Polymyxiipterygii)
                • skift burdfisken (Polymixiiformes)
              • boppeskift kabbeljaufisken (Paracanthopterygii)
                • skift bearssalmen (Percopsiformes)
                • skift finearmigen (Lophiiformes)
                • skift kabbeljau-eftigen (Gadiformes)
                • skift nullefiskeftigen (Ophidiiformes)
                • skift podfisken (Batrachoidiformes)
              • boppeskift keningsfiskeftigen (Lampripterygii)
                • skift keningsfisken (Lampriformes)
              • boppeskift stikelfinnigen (Acanthopterygii)
                • skift bearseftigen (Perciformes) (omfiemet 40% fan alle libbene fiskesoarten)
                • skift eachfiskeftigen (Atheriniformes)
                • skift gibeftigen (Beloniformes)
                • skift hardereftigen (Mugiliformes)
                • skift kiuwspjaltielen (Synbranchiformes)
                • skift kûgelfiskeftigen (Tetraodontiformes)
                • skift platfisken (Pleuronectiformes)
                • skift seenulle-eftigen (Syngnathiformes)
                • skift sinnefiskeftigen (Zeiformes)
                • skift skorpioenfiskeftigen (Scorpaeniformes)
                • skift skyldfiskeftigen (Gobiesociformes)
                • skift slymkopfiskeftigen (Beryciformes)
                • skift toarndereftigen (Gasterosteiformes)
                • skift toarnfiskeftigen (Stephanoberyciformes)
                • skift toskkoarpereftigen (Cyprinodontiformes)
                • skift walfiskkopeftigen (Cetomimiformes)
            • boppeskift tarpon- en ieleftigen (Elopomorpha)
              • skift gratefiskeftigen (Albuliformes)
              • skift ieleftigen (Anguilliformes)
              • skift kielsekielen of djipsee-ielen (Saccopharyngiformes)
              • skift stikelieleftigen (Notacanthiformes)
              • skift tarponeftigen (Elopiformes)
            • boppeskift triedseilfiskeftigen (Cyclosquamata) (omstriden; heart mooglik ta de salmeftigen)
              • skift triedseilfisken (Aulopiformes)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.