Birka

Lokaasje yn Sweden
Rekonstruksje fan wenten
It plak dêr't Birka ea lein hat

Birka wie in hannelsstêd dy't om 800 hinne stifte waard troch in Wytsingekening op it eilân Björkö yn de Mälarmar by it hjoeddeiske Stokholm. Op Adelsö wie it paleis fan de kening en dêrwei waard it hannelsplak op Björkö beskerme.

Sa'n 200 jier lang wie Birka in hannelsplak foar hiel Noard-Europa. Arabysk sulver, pearels út East-Europa en Ruslân, izer út Bergslagen en fellen en pelzen út it noarden waarden hjir ferhannele. Opgravings wize op in sterk hierargyske maatskippij en in grut klasseferskil. De stêd hie yn syn bloeitiid sa'n 700 oant 1000 ynwenners. De stêd wurdt as de earste wiere stêd yn de skiednis fan Sweden beskôge.

Fia Haithabu waarden pelzen ferhannele mei Fryslân. Ek Dorestêd wie yn Birka bekend. Anskar (Angarius) preke hjir yn 830. Hy wie oardel jier yn Birka, hy boude in tsjerke en guonts lieten har dope, mar Birka waard nea kristlik. Yn 852 besocht er it nochris, mar doe slagge it noch minder.

Yn de twadde helte fan de 10e iuw waard Birka ferlitten; it wêrom is men net wis fan.

Op Birka en it sustereilantsje Hovgården binne in protte Grêfhichten út de Wytsingetiid en de stêd en it keningshof binne troch archeologen bleatlein. De mannichte fynsten foarmje, neist de libbensbeskriuwing fan Anskar, de grutte boarne foar de skiednis fan dizze delsetting. De fynsten binne útstald yn in museum op Börka. De lokaasje is opnomd yn de Wrâlderfgoedlist fan de UNESCO.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Birka.
  • De ieopening fan de Fryske Akademy (1938), 74 en fierder
  • It Beaken, II (1940), 172 en fierder.