Charles Leaf

Charles Leaf
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Charles Symonds Leaf
nasjonaliteit Britsk
bertedatum 13 novimber 1895
berteplak Marylebone
stjerdatum 19 febrewaris 1947
stjerplak Reading
etnisiteit Ingelsk
sportive ynformaasje
sport silen
ûnderdiel 6m R-klasse
O.S. Berlyn 1936
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 1x Olympyske Spullen 1936

Charles Symonds Leaf (Marylebone, 13 novimber 1895 - Reading, 19 febrewaris 1947) wie in Ingelsk siler.

Leger

Leaf tsjinne yn it Britske leger yn'e Earste Wrâldkriich. Op 18 oktober 1914 waard er as twadde luitenant ynlive by it 5th (Territorial Force) Battalion, Buffs (East Kent Regiment). Hy waard op 3 april 1917 detasjearre by it Machine Gun Corps (MGC). Hy hold op 30 desimber 1918 op mei syn wurk foar de MGC en sleat him deselde dei wer oan by syn rezjimint. Hy tsjinne by de Royal Marines yn de Twadde Wrâldkriich.

Sportkarriêre

Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Kiel Olympysk kampioen, yn de 6m R-klasse mei Miles Bellville, Russell Harmer, Leonard Martin en Christopher Boardman. De 6m R-klasse is in mearpersoansboat. It boatsje hat in lingte fan ungefear 7 meter, in breedte 1,78 meter en in djipgong fan 1,70 meter it grutseil mjit 43 m².

Priveelibben

Yn augustus 1917 boaske Leaf mei Catherine Blanche Kay-Shuttleworth, dochter fan Ughtred Kay-Shuttleworth, 1e Baron Shuttleworth. It pear krige twa bêrn. Charles Leaf ferstoar op 19 febrewaris 1947, yn 'e âldens fan 51 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: