Clermont-Ferrand

Clermond-Ferrand
Polityk
Lân Frankryk
Regio Auvergne
Departemint Puy-de-Dôme (63)
Sifers
Ynwennertal 147.284 (2020)
Oerflak 42,7 km²
Befolkingsticht. 3.452 / km²
Stêdekloft 273.443 (2020)
Hichte 321 — maks. 602 m
Offisjele webside
Webside fan de gemeente

Clermont-Ferrand (Ossitaansk: Clarmont-Ferrand, Clarmont, Clarmont d'Auvèrnhe of Clarmont d'Auvèrnha) is de haadstêd fan de Frânske regio Auvergne en de meast wichtige stêd yn en teffens haadplak fan it departemint Puy-de-Dôme.

Fan it totale ynwennertal (yn 2005) binne sa'n 31.000 studinten. De berepsbefolking sit foaral yn de finansjele en administrative sektor en de logistyk. Clermont-Ferrand is it oarspronklike festigingsplak fan bannefabrikant Michelin, dy't sa'n 14.000 minsken yn it wurk hat.

De katedraal fan Clermont-Ferrand en in protte huzen yn it âlde sintrum binne swart, omdat se fan lavastien boud binne.

Namme

De stêd hat yn de rin fan de tiid ferskate nammen hân:

  • Nemossos (Keltyske namme, fan de Aldheid oant de 1e iuw)
  • Augustonemetum (fan de 1e oant de 3e iuw)
  • Arvernis (fan de 3e iuw oant 848)
  • Clairmont (sûnt 848)
  • Clermont-Ferrand (sûnt 1631 en 1730)

Religy

Fierwei it grutste part fan de befolking fan de Auvergne is katolyk. Clermont-Ferrand ek; it is in biskopsit. Der binne twa grutte RK-tsjerken:

  • De Romaanske Basilyk Notre-Dame du Port
  • De út swarte lavastien oplutsen goatyske Kathedrale Notre-Dame-de-l’Assomption


Grutte autodiken

  • De A71 ferbynt Clermont-Ferrand mei Orléans
  • De A72 ferbynt Clermont-Ferrand mei Saint-Étienne
  • De A75 (mei it Fiadukt fan Millau dêryn) ferbynt Clermont-Ferrand mei Béziers en Montpellier.

Kultuer

Yn Clermont-Ferrand sit it Archeologysk museum Bargoin.

Berne yn Clermond-Ferrand

  • Gregorius fan Tours (538-594), Frankysk biskop en histoarikus
  • Blaise Pascal (1623–1662), filosoof, teolooch, wis- en natuerkundige
  • Nicolas Chamfort (1740-1794), dichter en skriuwer fan aforismen
  • Antoine de L'Hoyer (1768-1852), gitarist en komponist
  • George Onslow (1784-1853), komponist
  • André Michelin (1853-1931) en Edouard Michelin (1859-1940), yndustriëlen, útfiners fan de Michelin-bannen
  • Pierre Teilhard de Chardin (1881-1955), teolooch, paleontolooch en skriuwer
  • Raphaël Geminiani (1925), earder hurdfytser
  • Fernand Raynaud (1926-1973), humorist
  • Roland Lesaffre (1927-2009), akteur
  • Dominique Perrault (1953), arsjitekt
  • Lolo Ferrari (1963-2000), dûnseres en (porno)aktrise
  • Édouard Michelin jr. (1963-2006), yndustrieel (Michelin)
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Clermont-Ferrand fan Wikimedia Commons.