Echte hûneftigen

Echte hûneftigen
De reade wolf (Canis rufus).
De reade wolf (Canis rufus).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: rôfdieren (Carnivora)
ûnderskift: hûndieren (Caniformia)
tuskenskift: echte hûndieren (Cynoidea)
famylje: hûneftigen (Canidae)
ûnderfamylje: echte hûneftigen (Caninae)
Fischer von Waldheim, 1817

De echte hûneftigen (wittenskiplike namme: Caninae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), it ûnderskift fan 'e hûndieren (Caniformia), it tuskenskift fan 'e echte hûndieren (Cynoidea) en de famylje fan 'e hûneftigen (Canidae). Dizze taksonomyske groep omfettet de hûnen, wolven, foksen, jakhalzen, prêrjewolven en in grut tal oare, minder bekende bistesoarten.

De echte hûneftigen wurde ûnderferdield yn 'e tûken fan 'e echte hûnen (Canini), de echte foksen (Vulpini) en de grize foksen (Urocyonini). Echte hûneftigen binne lânseigen op alle wrâlddielen mei útsûndering fan Antarktika. Ien echte hûneftige, de hûn, eins in ûndersoarte fan 'e grize wolf, is lang lyn al troch de minske domestisearre, en is hjoed de dei ien fan 'e meast holden húsdieren.

De prêrjewolf (Canis latrans).
De moannewolf (Chrysocyon brachyurus).
De Abessynske wolf (Canis simensis).
De hyenahûn (Lycaon pictus).
De foks (Vulpes vulpes).
De poalfoks (Vulpes lagopus).

Underfamylje-opbou

  • ûnderfamylje echte hûneftigen (Caninae)
    • incertae sedis (yndieling ûnwis)
      • skaai Leptocyon
    • tûke echte foksen (Vulpini)
      • skaai foksen (Vulpes)
        • Afgaanske foks (Vulpes cana)
        • Bingaalske foks (Vulpes bengalensis)
        • feale foks (Vulpes pallida)
        • fennek of woastynfoks (Vulpes zerda)
        • foks of reade foks (Vulpes vulpes)
        • grutearkitfoks (Vulpes macrotis)
        • Kaapske foks (Vulpes chama)
        • kitfoks (Vulpes velox)
        • poalfoks (Vulpes lagopus)
        • sânfoks (Vulpes rueppellii)
        • steppefoks (Vulpes corsac)
        • Tibetaanske sânfoks (Vulpes ferrilata)
        • Vulpes alopecoides
        • Vulpes galaticus
        • Vulpes riffautae
      • skaai grutearfoksen (Otocyon)
        • grutearfoks (Otocyon megalotis)
      • skaai Prototocyon
      • skaai waskbearhûnen (Nyctereutes)
        • Japanske waskbearhûn (Nyctereutes viverrinus)
        • Nyctereutes abdeslami
        • Nyctereutes donnezani
        • Nyctereutes megamastoides
        • Nyctereutes sinensis
        • Nyctereutes tingi
        • Nyctereutes vinetorum
        • waskbearhûn of gewoane waskbearhûn (Nyctereutes procyonoides)
    • tûke echte hûnen (Canini)
      • ûndertûke Súdamerikaanske hûneftigen (Cerdocyonina)
        • skaai boskhûnen (Speothos)
          • boskhûn (Speothos venaticus)
          • Speothos pacivorus
        • skaai koartearfoksen (Atelocynus)
          • koartearfoks (Atelocynus microtis)
        • skaai krabbefrettende foksen of savannefoksen (Cerdocyon)
          • Cerdocyon avius
          • Cerdocyon ensenadensis
          • krabbefrettende foks of savannefoks (Cerdocyon thous)
        • skaai moannewolven of moanjeswolven (Chrysocyon)
          • moannewolf of moanjeswolf (Chrysocyon brachyurus)
        • skaai Nurocyon
        • skaai Protocyon
        • skaai Súdamerikaanske foksen (Lycalopex)
          • Andesfoks (Lycalopex culpaeus)
          • Brazyljaanske fjildfoks (Lycalopex vetulus)
          • darwinfoks of Darwins foks (Lycalopex fulvipes)
          • pampafoks (Lycalopex gymnocercus)
          • Patagoanyske foks (Lycalopex griseus)
          • Perûviaanske woastynfoks (Lycalopex sechurae)
        • skaai Theriodictis
        • skaai warrah's (Dusicyon) †
          • Dusicyon cultridens
          • Falklânwolf, Falklânfoks of warrah (Dusicyon australis) †
          • Patagoanyske warrah (Dusicyon avus) †
      • ûndertûke wolfeftigen (Canina)
        • skaai Afrikaanske jakhalzen (Lupulella)
          • sealjakhals (Lupulella mesomelas)
          • streekte jakhals (Lupulella adusta)
        • skaai Aziatyske wylde hûnen (Cuon)
          • Aziatyske wylde hûn, reade hûn of dhole (Cuon alpinus)
        • skaai Eucyon
        • skaai hyenahûnen of Afrikaanske wylde hûnen (Lycaon)
          • hyenahûn, Afrikaanske wylde hûn of Kaapske jachthûn (Lycaon pictus)
          • Lycaon sekowei
        • skaai hûnen (Canis)
          • Abessynske wolf of Etiopyske wolf (Canis simensis)
          • Afrikaanske goudwolf (Canis lupaster of Canis anthus)
          • armbrusterwolf of Armbrusters wolf (Canis armbrusteri) †
          • Arnowolf (Canis arnensis) †
          • Canis antonii
          • Canis chihliensis
          • Canis falconeri
          • Canis palmidens
          • Canis variabilis
          • Cedazowolf (Canis cedazoensis) †
          • edwardwolf of Edwards wolf (Canis edwardii) †
          • Etruskyske wolf (Canis etruscus) †
          • goudjakhals, gewoane jakhals of goudwolf (Canis aureus)
          • grize wolf (Canis lupus)
            • dingo (Canis lupus dingo)
            • hûn (Canis lupus familiaris)
          • Mosbachwolf (Canis mosbachensis) †
          • prêrjewolf of coyote (Canis latrans)
          • reade wolf (Canis rufus)
        • skaai Mececyon
        • skaai Megacyon
        • skaai oerhûnen (Eucyon) †
          • woeste wolf (Eucyon ferox) †
        • skaai reuzewolven (Aenocyon) †
          • reuzewolf (Aenocyon dirus) †
        • skaai Sardyske wylde hûnen of Sardyske dholes (Cynotherium) †
          • Sardyske wylde hûn of Sardyske dhole (Cynotherium sardous) †
        • skaai Xenocyon
    • tûke grize foksen (Urocyonini)
      • skaai grize foksen (Urocyon)
        • Cozumelfoks (Urocyon ?; noch net beskreaun)
        • eilânfoks (Urocyon littoralis)
        • grize foks (Urocyon cinereoargenteus)
        • Urocyon citrinus
        • Urocyon galushai
        • Urocyon minicephalus
        • Urocyon progressus
        • Urocyon webbi

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.