Eja Siepman van den Berg

Sigesage (1996) yn Ljouwert

Eja Siepman van den Berg (Eindhoven, 1943) is in Nederlânske byldhouster út Beetstersweach.

Studearre fan 1962 - 1967 by Paul Grégoire en Piet Esser oan de Ryksakademy fan Byldzjende Keunsten yn Amsterdam. Se liet har sterk beynfloedzje troch Charles Despiau. Se kin ta de Groep van de figurative abstraksje rekkene wurde.

Bewuste poaze

Eja Siepman van den Berg wurket selden oan de hân fan in libjend model foar de útwurking fan har byld en hja wurket út de 'bewuste poaze' wei. En dan noch giet it har om inkele foto's of in lyts waaksmodel. Dêrtroch abstrahearret hja eins yn in ier stadium fan har model. Pas yn de ôfwurking fan har bylden krije har bylden de úteinlike foarm. Har klam leit op de detaillearre útwurking yn it einstadium. Fan har learmaster Grégoire hat se leard hoe wichtich de foarstúdzjes en tariedings binne.

Figurative abstraksje

Neffens de tradysje fan 'De Groep' finede bylden harren ferstilling yn de figurative abstraksje en harren plak yn de romte. De figurative útwurking is dêroan ûndergeskikt. Sa misse, yn neifolging fan Despiau, in soad bylden sels hollen en earms, want safier hoecht har realiteit net te rikken.

Har bylden passe yn de figurative line en foldogge oan de noarmen fan de abstraksje. Troch de bestudearre poaze binne har bylden statysk. De arabesk is oant yn it detail werkenber. Eja Siepman van den Berg hat yn ferskate musea eksposearre en har wurk is yn meardere galerys te finen.

Wurken (kar-út)

Brûns

  • 'Sigesage'
  • 'Kâlde Stien'
  • 'Steande jonge'
  • 'Man'
  • 'Faas'
  • 'Jannie Sipkespriis' oanmoedigingspriis Haarlimmer keunstners

Stien

  • 'Steande earmen omheech' (wêrfan't de earms lykwols misse)
  • 'Tors Frou'

beide yn moarmer.

Underskiedings

Eja helle ferskate prestizjeuze prizen:

  • 1967 Prix de Rome
  • 1978 de Charlotte van Pallandtpriis
  • In 1998 waard hja nominearre foar de Wilhelminaring (oeuvre-priis foar nasjonale skulptuer).

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: