Fjoer

Fjoer is it sichtbere (ljocht) en fielbere (waarmte) ferskynsel dat optreedt as in brânbere stof in oksidaasjereaksje ûndergiet by hege temperatuer. Troch opwaarming fan matearje yn de buert komme brânbere gassen frij, dy't sels ek wer oksidearje en waarmte opwekke, wêrmei't it proses himsels yn stân hâldt. De waarmteûntwikkeling feroarsaket konveksje, in fertikale luchtstream fanwege de wet fan Archimedes, omdat de ferhjtte gassen útsette en de tichtheid dêrtroch ôfnimt. It ljocht fan it fjoer wurdt oer it generaal feroarsake troch tige hjitte gleone ruotdieltsjes. De brune gedieltes fan it fjoer wurde feroarsake troch net mear gloeiend ruot dat in part fan it ljocht fan de flam dêrefter absorbearret. By ûnbehearske útwreiding is sprake fan in brân. De lytste ienheid fan in fjoer hjit in flam. De ferbaarningsprodukten fersmoargje de atmosfear en it foarme koaldiokside spilet in grutte rol by it broeikaseffekt.

Fjoer: ferbaarning fan ûntúch

Smeule

Smeulende blokken

Der kin ek sprake wêze fan in direkte oksidaasje fan in fêst oerflak, dan is sprake fan smeulen. By poreuze materialen lykas houtskoal kin de oksidaasjereaksje ek yn it materiaal barre. In fûnk ljochtet op troch de hege temperatuer, dy't ek troch oksidaasje oan it oerflak wat langer yn stân hâlden wurde kin, lykas yn fjoerwurk.[1]

Skiednis

Kampfjoer

De minsk hat it fjoer net útfûn, hy hat allinnich leard om it sels te meitsjen en brûken. Fjoer komt yn de foarm fan boskbrânen yn de natoer foar, ûnder mear as gevolg fan bliksemynslaggen en fulkaanútbarstings.

Yn âlde beskavings wie fjoer in kostber goed foar koitsjen, ljocht, ferwaarming, ûntginning fan bosk foar lânbougrûn en materiaalbewurking as smeien en pottebakken. It waard mei muoite makke en ûnderhâlden. Dêrom wie it hillich en mei rituelen omjûn (sjoch Goudsblom: Vuur en beschaving en Fraser: The golden bough foar in klassyk oersjoch). Oarspronklik moast it grif út de natoer helle wurde by in boskbrân of bliksemynslach. Dêrom waard it bewarre yn in fjoerhûs - elk doarp of stêd hie der ien. Yn Grykske stêden wie in prytaneion mei in ivige flam, letter troch syn foaroansteande funksje de sit fan it pleatslik bestjoer. Yn Rome bewekken de Festaalske fammen in ivich fjoer. De kearsen en lampen yn de katolike tsjerke binne in moderne ôflate, krektas de flam by tinktekens fan sneuvele yn oarloggen. Ek ûnder de Arc de Triomphe baarnt in ivich fjoer. Joseph Priestley ûntdekte yn 1776 dat foar de ynstânhâlding fan in flam, útsein de brânstof ek it gas soerstof nedich wie[2].

Mytology

Neffens de Grykske mytology stiel Prometheus it fjoer fan de goaden om it oan de misnken te jaan. As straf waard hy ophong oan in rots en elke jûn kaam in fûgel syn lever derút iten dy't alle moarnen wer oangroeide. Sjoch ek Hepaestus, Noardske mytology, Loky, Nodfyr, Festaalske fammen. Neffens de bibel is der yn de hel in ûndwêstber fjoer (Mar. 9:43). Ek is fjoer yn de bibel it byld fan de Hillige Geast.

It elemint fjoer

De Grykske wiisgear Herakleitos beskôge fjoer as it oerelemint dêr't alles út fuortkomd wie. Empedokles naam oan dat fjoer ien fan de fjouwer eleminten wie, neist ierde, loft en wetter.

Yn de Easterske filosofy dy't wy kenne yn praktyske tapassings as shiatsu, feng shui, makrobiotyk en akupunktuer wurdt útgien fan fiif eleminten of transformaasjefazes nammentlik hout, fjoer, ierde, metaal en wetter dy't inoar fiedzje en yn de stringen hâlde. It elemint fjoer stiet foar it heechstee enerzjynivo, sichtberheid, rom, ûngrypberheid, de kleur read, de organen hert en tinne term, it suden, de tiid ffan de dei dat de sinne it heechste stiet, heechsimmer, in bittere smaak. De fjoertransformaasjefaze wurdt fieden troch de houttransformaasje en fiedet op syn beurt de ierde transformaasjefaze. Fjoer wurdt yn de stringen hâlden troch wetter. Yn de ekstreme gefallen dwêstet wetter fjoer (tefolle wetterenerzjy) of lit wetter fjoer út de hân rinne (te min wetterenerzjy).

Brânstoffen

Belangrike brânstoffen binne:

  • stienkoal
  • ierdgas
  • oaljeprodukten (fan minerale of plantierdige oarsprong)
  • biomassa
  • etanol, spiritus

Oare brânstoffen, dy't tsjintwurdich minder brûkt wurde yn de westerske wrâld binne:

Eartiids brûkten de earmere befolkingsklasse ek drûge stront fan kij en hyns as brânstof. Yn guon tredde wrâldlannen wurdt dit noch altiten dien.

Tapassingen

Fjoer wurdt in soad by stunts brûkt ("Giant Auto Rodéo", Ciney, Belgje)

It fjoer hat in soad tapassings, inkele foarbylden binne:

Ferwaarming

  • Ferwaarming fan huzen ensafuorthinne
  • Fiedseltarieding (koitsjen)

Ferljochting

Opwekking fan elektrisiteit

  • Elektrisiteitssintrale, stookt mei bygelyks oalje, gas, biomassa of ôffal.

Materiaalbewurking

  • Metaalbewurking (ranen, smeie, jitte)
  • Pottebakken
  • Laskjen

Oandriuwing

Gemyske prosessen

  • Yndustriële gemyske prosessen
  • Pyrolyze
  • Offakkelje ierdgas
  • Houtskoal baarne

Lânbou

  • Untginning fan bosk foar ûntginning
  • Ferbrânen fan stôpels op it fjild

Eksploazje

  • Deflagmintaasje fan Buskrûd

Rituelen

  • Kearsen yn de kristlike tejerke
  • Brânende krusen fan de Ku Klux Klan
  • Ivige flam, foar ûnder mear ûnbekende soldaat
  • Wiereek
  • Smoutens (kampfjoer, fjoerkoer, iepen hurd, kearsljocht)

Oars

Metoades om fjoer te meitsjen

Metoade om fjoer te meitsjen, middels wriuwing
  • Lúsjfer of swevelstôk
  • Fjoerstien
  • Tûnderdoaze (in doaze mei fjoerstien en in licht ûntflambere stof, tûnderswam)
  • Brânglês (ûntstekking troch ljocht mei in positive lins)
  • Elektrisiteit (troch fûnk of koartsluting)
  • Wriuwing (bygelyks by it fêstrinnen fan in lager)
  • Fjoerpomp (gearparsjen fan lucht ta ûntstekkingstemperatuer; adiabatyske kompresje)

Symbolyk

Fjoer stiet symboal foar etûsasme en hertstocht (it fjoer fan de leafde) en ek foar suverheid (it hillich fjoer).

Ien fan de wichtichste taspraken fan de Boeddha is de fjoerrede, wêryn't hy útleit hoe't de sintuigen en dêrfan ôfhinklike gefoelens yn brân stean mei hertstocht, haat en yllúzjes.

Yn de Bibel stiet fjoer symboal foar de neite fan God. Op Pinksteren (Hannelingen fan de Apostelen 2:1-13) stoarte de Hillige Geast him út oer de leauwigen: "Op harren haden fertoanden har tongen as fan fjoer". En yn it Alde Testamint toant God him oan Mozes middels in baarnende strûk: "Hy seach ta en ja: de toarnbosk stie yn 'e brân, mar baarnde net op." (Eksoadus 3:2).

De flamme symbolisearret ek de libbenskrêft.

Guon bisten binne om de felle giele oant reade kleuren ferneamd nei fjoer, lykas de fjoerbúkpodde, de fjoersalamander en de fjoerskink.

Fjoer yn de taal

Fjoerdûnser út Papua Nij Guinea
  • In kop as fjoer
  • Fjoer yn 't gat hawwe
  • Fjoer en flam wêze
  • Fjoer en wetter
  • Foar immen troch it fjoer fleane
  • Immen it fjoer (nei) oan de skinen lizze
  • Tusken twa fjurren
  • Dy't tichtst by it fjoer sit waarmet him bêst
  • Itselde fjoer ferbaarnt it hout, ferhurdet stien en lotteret goud
  • Immen ot fjoer ûnder de neilen wei tingje (stevich ûnderhannelje)
  • fjoerread

It wurd fjoer wurdt ek brûkt foar it sjitten mei fjoerwapens:

  • It kommando "Fjoer" betsjut: begjin no te sjitten.
  • It kommando "Staak it fjurjen" betsjut: Hâld no op te sjitten.
  • "Under fjoer lizze" betsjut: besketten wurden.

Sjoch ek

  • Gryksk fjoer
  • Bengaalsk fjoer
  • Pyromany

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Goudsblom, J: Vuur en beschaving. Meulenhoff, Amsterdam, 1992. ISBN 90-5713-607-4
  • Frazer, J.G.: The golden bough, 1890 en letter

  1. Selected Pyrotechnic Publications of K.L. and B.J. Kosanke: Stars blown blind
  2. Untdekking fan in fjoer troch Joseph Priestley op rsc.org