Flagge fan Eastersee
![](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/c/cc/Oosterzee_vlag.svg/220px-Oosterzee_vlag.svg.png)
De flagge fan Eastersee is de flagge fan it doarp Eastersee, yn de Fryske gemeente De Fryske Marren. De flagge waard yn 2006 registrearre.
Beskriuwing
De beskriuwing fan de flagge is:
In blauwe hijs fan 1/3 flaggelingte en in flecht fan trije like hege horisontale banen grien, wyt en swart.
De kleuren komme út it wapen fan Eastersee.
Symbolyk
- Blauwe hijs: ferwiist nei it wetter yn de omkriten fan it doarp.
- Griene baan: ferwiist nei it agraryske karakter fan it doarp.
- Swarte baan: ferwiist op de feangrûn en de feanterij by it doarp.
- Wite baan: symboal foar it jild wat fertsjinne waard mei de feanterij.
Sjoch ek
-
Flagge fan Lemsterlân
-
Flagge fan De Fryske Marren