Goslar is in plak yn de DútskedielsteatNedersaksen; it stedsje leit yn 'e lânkringGoslar oan de noardrâne fan de Harz, sa'n 50 km besuden Braunschweig. De Gose, in sydrivierke fan de Oker, rint troch de stêd. De Gose wurdt yn Goslar Abzucht (ôffierkanaal) neamd omdat it wetter dat út de Rammelsbergminen komt, jusjes foar de binnenstêd yn de Gose streamt.
Njonken de stêd mei 8 Ortsteile binne yn 1972 noch 10 oare Ortsteile by Goslar yndield. Under dy Ortsteile heart ek it wintersportoarde Hahnenklee mei syn Gustav Adolf-staaftsjerke.