Hospes wûn yn alle leeftydskategoryen de Fryske én de Nederlânske koartebaantitel. Yn 1980 waard er yn Finkegea Frysk kampioen koartebaan. Hy ûnttroande dêr de destiidske 'Rider fan de Iuw' Piet de Boer en de bruorren Mathijs en Geert Kuiper. Yn 1987 waard Hospes Nederlânsk kampioen by de senioaren. Hy siet ek yn de technyske kommisje fan it gewest Fryslân fan de KNSB.