Idscke Popkesate
![](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/7/71/Idscke_Popke_Sathe_Harich.jpg/260px-Idscke_Popke_Sathe_Harich.jpg)
De Idscke Popkesate is in monumintale pleats oan de Lorbuorren yn Harich, dy't neamd is nei de eigener fan de pleats, keapman Idske Poppes (1791-1863).
![](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/5/5f/Idscke_Popke_Sathe.jpg/220px-Idscke_Popke_Sathe.jpg)
De monumintale Idscke Popkesate is in pleats fan it kop-hals-romptype. It foarhûs - de kop - is hielendal ûnderkeldere troch in molkenkelder. De natuerstienen oansetkrollen yn de foargevel drage de teksten "ANNO" en "1811". Yn it ynterieur fan it foarhûs binne betimmeringen yn de Loadewyk XVI-styl oanbrocht. Yn de wenning sitte of sieten in pear tegeltablo's mei foarstellingen fan it boerebedriuw, wêrûnder ien mei de ôfbylding fan de pleats.[1] It buorkerijgedielte - de romp - hat twa ûlebuorden mei swannen oan beide siden fan in makelder yn de foarm fan in harp. De pleats is erkend as ryksmonumint.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|