Ivan V fan Ruslân

Ivan V fan Ruslân

Ivan V Aleksejevitsj (Russysk: Иван V Алексеевич) (Moskou, 27 augustus 1666 – dêre, 29 jannewaris 1696) wie tsaar fan Ruslân fan 25 juny 1682 oant 1696, tagelyk mei syn jongere broer Peter de Grutte. Hy wie it alvde bern fan Aleksej I fan Ruslân en Maria Milroslavskaja.

Biografy

Nei de dea fan syn heit Fjodor III, waard hy ûnder regintskip fan syn suster Sofia en mei syn healbroer Peter de Grutte, tsaar fan Ruslân ("dûbeltsaar", yn 't Russysk: dvoetsarstvenniki). Nei de fal fan Sofia waard er, op 27 jier âld, geastlik beheind ferklearre en net by steat om te regearjen; dat hie wie tenei allinne noch yn namme tsaar fan Ruslân. Hy gie mei yn alles wat Peter him útstelde. Hy krige fiif doachters, ûnder oaren Anna dy't letter tsarina wurde soe.

Sun ferstjerren yn 1696 is yn de Russyske skiednis net folle mear as in kanttekening. Ivan V waard byset yn de 'Tsjerke fan de Aartsingel' oan it Kremlyn fan Moskou.

Houlik en bern

Ivan boaske 9 jannewaris 1684 mei Praskovja Fjodorovna Saltikova (21 oktober 1664 - 1723). Sy krigen tegearre fiif bern:

  • Maria Ivanovna Romanov (1689-1692)
  • Teodosia Ivanovna Romanov (1690-1691)
  • Katarina (1692-1733), boaske mei Karel Leopold fan Mecklenburg-Schwerin
  • Anna (1693-1740), hartoginne fan Koerlân, keizerinne fan Ruslân, boaske mei Frederik Willem Kettler
  • Praskovja (1694-1731), boaske mei Ivan Dimitriev-Mamonov

Keppeling om utens