Kea (fûgel)

Kea
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famylje Nijseelânske pappegaaien (Strigopoidea)
skaai kaka's (Nestor (skaai)
soarte
Nestor notabilis
Gould, 1856
IUCN-status: bedrige
ferspriedingsgebiet

De kea (Nestor notabilis) is in fûgelsoarte út it skaai kakafûgels (nestor) yn 'e famylje Nijseelânske pappegaaien (Strigopidae). De fûgel is in endemyske, Nij-Seelânske soarte, dy't libbet op dielen fan it Sudereilân. De kea it meast besibbe oan 'e kaka (Nestor meridionalis) .

Beskriuwing

De kea is in grutte pappegaaiesoarte dy't tusken de 46 sm oant 50 sm grut wurdt, mei útsjitters oant 55 sm. De spanwiidte fan 'e fûgel is mear as in meter. Mantsjes binne likernôch 20% grutter as wyfkes. Folwoeksen fûgels wege tusken de 750 en 1000 gram.

Fûgel mei iepen wjuk.

De fearren fan 'e fûgels binne foar it measte oliifgrien. De fearren fan 'e wangen binne donker oliifbrún en syn snaffel is griis. De boppesnaffel is lang, smel en krom, by jonge fûgels is de ûndersnaffel oranjegiel. Folwoeksen fûgels ha donkerbrune irissen en de eachrânen, eachringen en poaten binne griis, wylst jonge fûgels oranjegiele eachringen en griisgiele poaten ha. De fearren op 'e ûnderrêch en de stút binne oranjeread. De bûtenste fearren fan 'e wjukken binne feal blau en ûnder de wjukken ha de fûgels ek oranje fearren.

De âldste kea yn finzenskip waard 50 jier, mar yn it wyld wurde se sa'n 30 jier.

Gedrach

Kea's binne sosjale fûgels en libje yn groepen fan maksimaal 13 fûgels.

Jonge fûgel fan likernôch 7 wiken âld.

De briedgebieten lizze yn 'e súdlike bûkebosken op berchhellingen. De fûgel briedt op in hichte fan 1600 m en heger boppe seenivo. It is ien fan 'e seldsume pappegaaiesoarten dy't regelmjittich boppe de beamgrins te finen is. De nêsten lizze yn 'e regel op 'e grûn ûnder bûkebeammen, yn spjalten fan rotsen of in holtes tusken de woartels. Sa 'n holtenêst leit somtiden wol 6 m fan 'e yngong fan 'e tunnel. Yn july begjint it lizzen fan twa oant fiif aaien, dy't in ynkubaasje tiid fan likernôch 21 dagen ha.

Kea's binne tige yntelliginte fûgels. Se ha neffens ûndersyk it fermogen foarút te plannen en kinne impulsen ûnder kontrôle hâlde. Se kinne bygelyks oant 160 sekonden wachtsje op in beleaning dy't in gruttere foarkar hat. Troch observaasje kin de fûgel leare om drege fraachstikken op te lossen. De feardichheden om besluten te nimmen binne te ferlikenjen mei primaten en de Afrikaanske grize readsturtpappegaai.

De fûgels binne net sinnich en ite mear as 40 plantesoarten, ynsekten, piken fan oare fûgels en sûchdieren, lykas kninen en mûzen. Ek mei kadavers witte de fûgels ried en se kinne sels skiep oanfalle. De fûgel wit mei syn krêftige, kromme snaffel en syn klauwen troch de wollaach by it fet fan it skiep te kommen om dêr stikken ôf te skuorren. Alhoewol't de fûgel it skiep net deaded, kin it skiep troch de panyk of ynfeksjes by sa'n oanfal dêrnei wol stjerre.

It is net dúdlik wêrom't guon kea's skiep oanfalle en oaren net. Hjoed-de-dei wurde oanfallen fan 'e fûgel op skiep oer it generaal tolerearre troch de skieppeboeren.

Fanwegen syn komyske gedrach wurdt er ek wol de clown fan 'e bergen.

De niget om alles te ûndersykjen en te ûntdekken makket de fûgel sawol populêr by toeristen as in pleach foar ynwenners. De fûgel wurdt ek wol de 'clown fan 'e bergen' neamd en ûndersiket alles wat him nijsgjirrich taliket. Foardat de fûgel beskerme waard, waard de fûgel somtiden holden as hûsdier, mar se wiene net altiten maklik te fangen en yn finzenskip tige fernielsuchtich. Dêrnjonken is de fûgel tige sosjaal en net geskikt om allinne holden te wurden.

Fernielende kea.

Toeristen komme faak de wylde kea's yn 'e skigebieten op it Sudereilân tsjin. De fûgels komme dêr te skoaien om iten. Om 't de fûgel sa tiid besparret om sels nei iten te sykjen hâldt er mear tiid oer om dingen te ûndersykjen en te fernielen. Se stelle regelmjittich saken fan minsken of slepe dy wei. Ek witte se rubberen ûnderdielen fan auto's te fernielen.

Ferfolging, bedriging, beskerming

Om 't de fûgels ek skiep deaden, sette de oerheid yn 'e jierren 1870 in preemje op it deadzjen fan 'e fûgels. Earst yn 1970 waard de preemje opheft. Op dat stuit wiene al mear as 150.000 fûgels deade.

Nei't út in telling bliken die dat der noch mar 5.000 eksimplaren fan 'e soarte libbe, krige de fûgel in beheinde beskerming. As boeren melding makken fan oerlêst, krigen hja tastimming om de bisten fan it lân te ferwiderjen. Yn 1986 folge de folsleine beskerming, mar út en troch wurdt der noch op 'e fûgel jage. Neffens ûndersikers wiene der doe noch mar 1.000 oant 5.000 fûgels, yn tsjinstelling ta in oare rûzing fan 15.000 fûgels yn 1992. It grutte ferspriedingsgebiet, de tinne fersprieding en de ûntagonklike gebieten makket in krekte rûzing ûnmooglik. Yn 2017 waarden rûzings publisearre fan in populaasje tusken de 3.000 en 7.000 fûgels.

Ut in ûndersyk nei it oantal kea's yn it Nelson Lakes National Park die bliken dat de populaasje tusken 1999 en 2009 foars ôfnommen wie, fral om't opossums de aaien en piken opfrieten.

De fûgels litte harren maklik fotografearje.

It bart nochal ris dat de fûgel slachtoffer wurdt troch ferkear. Op guon plakken binne buorden set om automobilisten te warskôgjen foar groepen fûgels op 'e dyk. Yn it Fiordland National Park rinne de kea's in tige grut risiko by de yngong fan 'e Homer Tunnel. Se skarrelen dêr tusken de auto's, dy't wachten om troch de tunnel mei ienrjochtingsferkear te riden. De oarsaak fan dat hege risikogedrach wiene minsken, dy't de fûgels fanút de wachtsjende auto's fuorren. Ek leadfergiftiging, faak ôfkomstich fan dakken fan gebouwen of boumateriaal, binne in ûnnatuerlike deadsoarsaak fan in in soad fûgels.

Birdlife International rûsd it oantal op likernôch 4.000 fûgels (2025). De populaasje soe noch jimmeroan ôfnimme.

Status

De kea stiet op 'e Reade list fan IUCN as bedrige klassifisearre, Njonken de yllegale jacht foarmje harmkes, swarte rotten en opossums in bedriging.

De kea falt ûnder it ferdrach oer de hannel yn bedrige diersoarten (CITES, taheakke II).

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en referinsjes op en:Kea