Kim Putters

Kim Putters (2021)

Kim Putters (Hardinxveld-Giessendam, 22 septimber 1973) is in Nederlânske bestjoerskundige, bestjoerder en âld-politikus. Fan 2008 oant juny 2013 wie er bysûnder heechlearaar Management fan soarchynstellingen oan de Erasmus Universiteit Rotterdam. Oan deselde universiteit wie Putters fan juny 2013 oant septimber 2022 bysûnder heechlearaar Belied en Sturing fan de Soarch; sûnt dy tiid is er bysûnder heechlearaar Brede Wolfeart oan de Tilburg University. Dêrneist wie er fan 11 juny 2003 oant 15 juny 2013 lid fan de Earste Keamer foar de Partij van de Arbeid (PvdA) dêr't er ôfskied naam foar syn beneaming ta direkteur fan it Sosjaal en Kultuereel Planburo. Op 16 septimber 2022 waard er beneamd ta foarsitter fan de Sosjaal-Ekonomyske Ried (SER), dêr't er sûnt jannewaris 2017 kroanlid wie.

Sûnt febrewaris 2014 is Putters kollumnist by Het Financieele Dagblad, dêr't er alle wiken skriuwt oer aktuele maatskiplike fraachstikken. De kollums wurke er yn 2019 om yn syn earste boek Veenbrand. Smeulende kwesties in de welvarende samenleving. De Volkskrant rôp him yn 2019 en 2020 út ta ynfloedrykste Nederlanner.

Bibliografy

  • Putters, Kim (2019) Veenbrand. Smeulende kwesties in de welvarende samenleving, Amsterdam: Utjouwerij Prometheus (ISBN 9789044640090)
  • Janssen, Maarten & Putters, Kim (2022) Topvorm. Lessen voor de prestatiemaatschappij, Amsterdam: Utjouwerij Prometheus (ISBN 9789044649598)
  • Putters, Kim (2022) Het einde van de BV Nederland. Over de noodzaak van een verhaal voor de samenleving, Amsterdam: Utjouwerij Prometheus (ISBN 9789044651539)