Kodeks

Mei in kodeks wurdt in bûn boek út de Lette Aldheid of midsiuwen oantsjut. It wurd kodeks is ôflaat fan it Latynske caudex wat houtblok betsjut. De oarspronklike betsjutting fan kodeks yn de âldheid wie bedoeld as ûnderskied mei in papyrusrôle. In kodeks is ynbûn, lykas ek hjoeddeiske boeken en jo kinne der yn blêdzje. In rôle, lykas de Toara, rôlje jo lêzendewei ôf. In kodeks is dus in publikaasje yn bûne boekfoarm.

It binen fan boeken waard al lang foar it begjin fan ús jiertelling útfûn yn de sted Byblos (no yn Libanon. De Bibel hat syn namme dêr fan. De oarspronklike betsjutting fan it wurd Bibel is: ‘in boek lykas yn Byblos makke’.

Kodeks betsjut net manuskript. It wurd manuskript betsjut simpelwei: mei de hân skreaun. Likegoed wurdt it wurd kodeks in soad brûkt yn kombinaasje mei âlde manuskripten, om dêrmei oan te jaan dat se de foarm fan in ynbûn boek hiene.

De oantsjutting kodeks fine wy ûnder oare yn de folgjende publikaasjes:

  • de Kodeks Alimentarius. In samling fan ynternasjonale wetten en rjochtlinen oer iten.
  • troch de betsjutting dy’t it krige yn it Kodeks Justinianus wurdt it hjoeddedei ek brûkt as wetboek
  • yn it bysûnder de Kodeks Iuris Canonici, it Wetboek fan Kanonyk Rjocht, of Tsjerklik Wetboek, fan de Roomsk-katolike Tsjerke
  • in lieteboek foar studinten by kantus en sjongjûnen; sjoch studintekodeks
  • in Nederlânsk medysk neislachwurk Codex Medicus
  • de Belgyske reglemintearring yn ferbân mei sûnens en wolwêzen fan wurkimmers, ‘’Codex over het welzijn op het werk’’
  • De Kodeks Argenteus, dêr’t de letters fan mei sulver skreaun binne.
  • De Kodeks Aureus Epternacensis, in manuskript út de Abdij fan Echternach dêr’t de letters fan mei goud skreaun binne.
  • De Kodeks Sinaiticus, in Gryksk hânskrift fan de Bibel, út de 4e iuw, ûntdutsen yn 1844 yn in kleaster op de Sinaï, no is it grutste part yn it British Museum yn Londen.
  • De Kodeks Leningradensis, in Hebrieusk bibelhânskrift.
  • De Kodeks Gigas, ek wol de bibel fan de Satan of de Duvelsbibel neamd.
  • De Kodeks Tacuinum Sanitatis, in midsiuwske kodeks oer wolwêzen en sûnens.
  • De Kodeks Medicina Antiqua, oer âlde medisinen.
  • In kodeks diplomatikus, in samling âlde oarkondes.
  • In kodeks reskriptus, foar de twadde kear beskreaun perkamint