Koekoekeftigen
De koekoekeftigen of koekúteftigen (Latynske namme: Cuculiformes) foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae), it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves) en de noch rangleaze groep fan 'e trapfoarmigen (Otidimorphae). Dit skift bestiet mar út ien inkelde famylje, nammentlik dy fan 'e koekoeken (Cuculidae), dy't sels wer útinoar falt yn seis ûnderfamyljes wêrfan't de soarten foarkomme op alle wrâlddielen útsein Antarktika. De koekoekeftigen binne nau besibbe oan 'e toerako-eftigen (Musophagiformes) en de trapeftigen (Otidiformes).
Skiftopbou
- skift koekoekeftigen (Cuculiformes)
- famylje koekoekfûgels (Cuculidae)
- ûnderfamylje Amerikaanske koekoeken (Coccyzinae)
- ûnderfamylje anys (Crotophaginae)
- ûnderfamylje briedparasitêre koekoeken (Cuculinae)
- ûnderfamylje grûnkoekoeken fan de Alde Wrâld (Phaenicophaeinae)
- ûnderfamylje grûnkoekoeken fan de Nije Wrâld (Neomorphinae)
- ûnderfamylje spoarkoekoeken (Centropodinae)
|
Boarnen, noaten en referinsjes