Liuw
Liuw | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Mantsje. Liuwinne. | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Panthera leo | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
kwetsber | ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Fersprieding liuw yn Afrika. It Gir-reservaat yn 'e Yndiaaske steat Gujarat, it lêste bolwurk fan 'e pear hûndert Aziatyske liuwen. |
De liuw (Panthera leo) is in bist út it skaai loaihoarsen (Panthera) út de famylje kateftigen (Felidae). Fan alle kateftigen is allinne de tiger grutter. It formaat en de moannen fan it mantsje jouwe it bist in ymposant oansjen, sadat de liuw op in soad plakken bekend stiet as de 'kening fan 'e bisten'. Yn Europa naam de liuw dy rol earst yn 'e rin fan 'e midsiuwen oer fan de brune bear.
De liuw hat fakentiden ûnderwerp fan symbolyk west. Sa is de liuw populêr yn 'e heraldyk. Ek op it Nederlânske wapen stiet in liuw.
Eartiids libbe de liuw yn Afrika, grutte dielen fan Súdwest-Aazje, it Midden-Easten en it súdwesten fan Europa, mar hjoed-de-dei is syn ferspriedingsgebiet beheind ta fragmintearre dielen fan Afrika en in lyts isolearre gebiet fan Noardwest-Yndia. Liuwen libje foar it measte yn groepen en dat is foar in kateftige útsûnderlik. De wyfkes geane yn 'e regel tegearre op jacht en ha in grutter oandiel yn 'e jacht as de mantsjes.
Beskriuwing
De liuw is in grutte kafeftige mei in brede kop, in koarte snút en relatyf lytse, rûne earen. Syn hier is griis of sângiel (fariearjend fan okerbrún oant hast wyt) mei oan 'e sturt in donkere kwast. Oer it hier lizze faak dizige plakken, dy't fral by de jonge bisten goed binne te sjen. De plakken wurde mei it âlder wurden dizenich en ferdwine op it lêst. De meast mantsjes hawwe swarte, brune of giele moannen op 'e kop, hals en de skouders. By de tsjintwurdich útstoarne soarten fan Noard-Afrika en de Kaap rûnen de moannen ek oer de búk. It duorret meastentiids in jier of seis as de moannen goed útgroeid binne. Wyfkes ha gjin moannen.
De sturt is tusken 60 sm oant in meter lang en de skouderhichte is 100 oant 128 sm. Mantsjes binne grutter as wyfkes. It mantsje hat in kop-romplingte fan 172 oant 250 sm en in gewicht fan 150 oant 280 kg, wyfkes ha in kop-romplingte fan 140 oant 192 sm en in lichemsgewicht fan 100 oant 182 kg. De liuw hat anatomysk in soad fan 'e tiger, alhoewol't it hier, syn wengebiet en libbenwize oars is.
Fersprieding
Liuwen libje yn iepen savannes, gersflakten, gebieten mei strewellen, healwoastinen en iepen bosk súdlik fan 'e Sahara. It is it grutste rôfdier dêr. Dêrnjonken wennet yn it Yndiaaske Gir Forest National Park in isolearre populaasje fan Perzyske liuwen.
Histoarysk gebiet
Eartiids libbe de liuw yn Euraazje fan Portegal oant Yndia en yn it grutste part fan Afrika, mei útsûndering fan 'e tichte reinwâlden en de drûge woastinen. Yn Europa binne pleistosene en ierholosene bonken fûn, wêrút bliken docht dat de liuw dêr ek libbe. Ek tekeningen op rotsen fan bygelyks de Grotte Chauvet yn Midden-Frankryk tsjûgje dêr fan.
De liuw ferdwûn om 1000 f.Kr hinne út Egypte. Fan antike boarnen fan bygelyks Herodotus en Aristoteles is it bekend dat de liuw oan it begjin fan 'e jiertelling noch op 'e Balkan libbe. Sûnt de 2e iuw nei Kristus ferdwûnen de liuwen út Sintraal-Europa, nei alle gedachten troch it jeijen op 'e bisten. De lêste liuwen fan Europa libben oant de 10e iuw yn 'e Kaukasus.
Yn it begjin fan 'e 20e iuw waard de liuw yn Noard-Afrika en de Kaap útroege. De lêste liuw yn Iran waard yn 1942 deade.
Hjoeddeiske fersprieding
Hjoed-de-dei is it ferspriedingsgebiet fan liuwen beheind ta Sintraal- en East-Afrika en in lyts stikje Yndia. De oantallen geane hurd efterút. Liuwen ha benammen te lijen fan 'e jacht, fral om't liuwen ek fee deadzje. Neffens rûzingen yn 2023 bestiet de totale Afrikaanske populaasje tusken de 20.000 en 25.000 liuwen, ferdield oer 62 populaasjes yn 25 lannen. Mear as de helte fan 'e populaasjes bestiet út minder as 100 bisten. De grutste bedrigingen foar de liuwen foarmje it ferlies oan it biotoop, konflikten mei minsken en it tebekrinnen fan potinsjele proaien.[1]
Oan it begjin fan 'e 20e iuw wiene der noch mar in pear liuwepearkes yn Yndia. Dy groep bestie yn 1955 út 270 liuwen en stiet sûnt ûnder beskerming. Hjoed-de-dei bestiet de populaasje yn it Gir Forest National Park út likernôch 400 liuwen. Der binne plannen in twadde populaasje út te setten yn it Palpur-Kunoreservaat.
Yn dieretunen libje oer de hiele wrâld tûzenen liuwen.
Undersoarten
Yn 2017 waard de klassifikaasje troch de IUCN SSC Cat Specialist Group oanpast troch de likernôch tolve ûndersoarten op basis fan fylogeografysk stúdzjes oer de evolúsje fan 'e liuw werom te bringen nei twa ûndersoarten:
- Panthera leo leo (Linnaeus, 1758) − de nominaatfoarm, dêr't ek de Aziatyske liuw, de útstoarne Barbarijske liuw en de populaasjes yn 'e westlike en noardlike dielen fan Sintraal-Afrika ûnder falle. Under de synonimen hearre de Panthera leo persica (Meyer, 1826), Panthera leo senegalensis (Meyer, 1826), Panthera leo kamptzi (Matschie, 1900) en Panthera leo azandica (Allen, 1924). De soarte wurdt troch in soad skriuwers ek de noardlike liuw of de noardlike ûndersoarte neamd.
- Panthera leo melanochaita (Smith, 1842) − de útstoarne Kaapske liuw en de populaasjes fan 'e gebieten eastlik en súdlik Afrika. Under de synonimen hearre Panthera leo somaliensis (Noack 1891), Panthera leo massaica (Neumann, 1900), Panthera leo sabakiensis (Lönnberg, 1910), Panthera leo bleyenberghi (Lönnberg, 1914), Panthera leo roosevelti (Heller, 1914), Panthera leo nyanzae (Heller, 1914), Panthera leo hollisteri (Allen, 1924), Panthera leo krugeri (Roberts, 1929), Panthera leo vernayi (Roberts, 1948) en Panthera leo webbiensis (Zukowsky, 1964). De ûndersoarte wurdt faak de súdlike ûndersoarte of súdlike liuw neamd.
Oant 2017 erkende en twifelriedige ûndersoarten
Oant 2017 waard meastentiids in klassifikaasje fan acht holosene ûndersoarten en fjouwer twifelriedige ûndersoarten hantearre:
De oant 2017 erkende holosene ûndersoarten:
- Panthera leo persica, bekend as de Aziatyske-, Perzyske- of Yndiaaske liuw. Libbe eartiids fan Turkije oant Súdwest-Aazje oant yn Pakistan, Yndia en sels Bangladesj. Troch jacht fan minsken waard de liuw yn in grutste part fan it ferspriedingsgebiet útroege. It lêste bolwurk fan 'e Aziatyske liuw is it Gir-wâld yn it noardwesten fan Yndia.
- Panthera leo leo, bekend as de Barbarijske- of Berberliuw. De Barbarijske liuw stoar troch ekstreme jacht op it dier yn 'e natuer út. Yn finzenskip kinne der lykwols noch bisten bestean. De Marokkaanske Keninklike liuwen wurde troch ferskillende taksonomen beskreaun as in fanselssprekkend oerbliuwsel fan 'e genepoal fan 'e oarspronklike Barbarijske liuw. De Barbarijske liuw wie mei in lingte fan 3 oant 3,3 m en in gewicht oant 200 kg ien fan 'e grutste liuwen. Se kamen fan Marokko oant Egypte foar. De lêste dokumintearre waarnimming yn 'e natuer wie yn 1942 yn it Marokkaanske Atlasberchtme. Guon tinke dat de lêste wylde Barbarijske liuw yn 1958 mei it ferneatigjen fan 'e bosken noardlik fan Sétif, Algerije yn 'e Algerijske Unôfhinlikheidskriich útstoar.
- Panthera leo senegalensis, bekend as de Westafrikaanske liuw, ferspriedingsgebiet yn West-Afrika fan Senegal oant Nigearia.
- Panthera leo azandica, bekend as de Noardeastlike Kongoliuw, ferspriedingsgebiet yn 'e noardeastlike dielen fan 'e Demokratyske Republyk Kongo.
- Panthera leo nubica, bekend as de Eastafrikaanske liuw, ferspriedingsgebiet yn East-Afrika fan Etioopje en Kenia oant Tanzania en Mozambyk.
- Panthera leo bleyenberghi, bekend as de Súdwestafrikaanske liuw of Katangaliuw, ferspriedingsgebiet yn Súdwest-Afrika, Namybje, Botswana, Angoala, Katanga, Sambia en Simbabwe.
- Panthera leo krugeri bekend as de Súdeastafrikaanske liuw of Transvaalske liuw, ferspriedingsgebiet yn Transvaal of Súdeast-Afrika yn û.o. it Krugerpark.
- Panthera leo melanochaita, bekend as de Kaapske liuw, dy't om 1860 hinne yn syn natuerlike omjouwing útstoar. Mitogondriale DNA-tests ûnderstipe net de teory dat it in aparte ûndersoarte wie en der waard fanút gien dat de Kaapske liuw de meast súdlike populaasje fan 'e Panthera leo krugeri wie.
- Panthera leo nubica, bekend as de Tsavoliuw. Ferspriedingsgebiet yn East-Afrika yn Kenia en it Nasjonale Park Tsavo-East.
De twifelriedige ûndersoarten:
- Panthera leo sinhaleyus, bekend as de Srylankaanske liuw, dy't likernôch 39.000 jier lyn útstoarn wêze soe. De fynst fan twa tosken by Kuruwita foarmje it iennige bewiis dat it bist libbe. Op basis dêrfan hat Paulus Deraniyagala yn 1939 de liuw as in nije ûndersoarte beskreaun.
- Panthera leo europaea, bekend as de Europeeske liuw. Nei alle gedachten identyk oan 'e Perzyske liuw (Panthera leo persica) of de hoaleliuw (Panthera leo spelaea). Syn klassifisearing as ûndersoarte wie net mei bewiis ûnderboud. De soarte stoar om 100 nei Kristus út troch ferfolging en libbe op de Balkan, Itaalje, it suden fan Frankryk en it Ibearyske skiereilân en wie foar de antike Griken en Romeinen in populêre jachttrofee.
- Panthera leo youngi of Panthera youngi. Libbe sûnt 350.000 jier lyn yn grutte oantallen. De relaasje mei de besteande liuwe-ûndersoarten is net dúdlik, it kin om in oare diersoarte gean.
- Panthera leo maculatus, bekend as de Marozi of de bûnte liuw. In bûnte kateftige dy't liket op in liuw mei loaihoarseftige plakken en oan it begjin fan 'e 20e iuw yn Kenia waarnommen waard. Der wurdt sein dat der hûden fan sketten eksimplaren besteane, mar gjin dêrfan binne oan biologen beskikber steld, sadat der gjin definityf útslutsel jûn wurde kin oer de aard fan it bist. Neffens in publikaasje yn 1963 soe de marozi in kleurmorf fan in bekende ûndersoarte wêze, wêrby't guon bisten harren welpplakken yn 'e facht net ferlearen by it folwoeksen wurden. Mocht it in aparte soarte west ha, dan is it bist yn 1931 útstoarn. It is net oannimlik dat dit dier in krusing west hat tusken in liuw en in loaihoars.
Wite liuwen
De wite liuwen binne gjin aparte ûndersoarte, mar in bysûndere foarm mei de genetyske oandwaning leukisme, dat in wite fachtkleur feroarsaket, lykas dy fan wite tigers. De oandwaning is te ferlikenjen mei melanisme, itjinge resultearret yn swarte loaihoarsen. Wite liuwen binne gjin albino's, om it pigmint fan 'e eagen en hûd normaal is. De wite Transvaalske liuw (Panthera leo krugeri) wurdt út en troch oantroffen yn en om it Krugerpark en it oangrinzgjende wyldreservaat Timbavati yn it easten fan Súd-Afrika, mar komt faker yn finzenskip foar, dêr't fokkers selektyf wurkje. De ûngewoane rjemmekleurige pels is fan it resessive gen ôfkomstich.
Iuwenlang waard it bestean fan wite liuwen as in leginde ôfdien. De earste waarnimmingen wiene der sûnt it begjin fan 'e 20e iuw, mar it duorre frjemd genôch noch oant 1975 dat in nêst wite liuwen ûntdutsen waard yn it wyldreservaat Timbavati.
Pleistoseenliuwen
Yn it Pleistoseen bestiene der ferskate oare soarten liuwen. Dy waarden histoarysk as ûndersoarten fan 'e liuw sjoen, mar troch nije DNA-ûndersyk is yn 'e ienentweintichste iuw dúdlik wurden dat it eins sustersoarten wiene, dy't op deselde hichte as de liuw stiene:
- Panthera atrox, bekend as de Amerikaanske liuw of de Amerikaanske hoaleliuw. Libbe 130.000 oant 12.800 jier ferlyn fan Kanada oant Meksiko. De liuw wie likernôch 25% grutter as de moderne liuw en ien fan 'e grutst bekende kateftigen ea.
- Panthera spelaea, bekend as de hoaleliuw. Libbe tusken 700.000 oant 13.000 jier lyn fan West-Europa oant Noardwest-Amearika.
- Panthera fossilis, de âldere hoaleliuw, in soarte werfan't yn Euraazje fossilen fûn binne. Libbe fan it Midden-Pleistoseen oant mooglik it Ier-Pleistoseen. Wurdt histoarysk as in ûndersoarte fan 'e liuw beskôge, mar hjoed-de-dei as in foarâlder of in grono-ûndersoarte fan 'e hoaleliuw.
Gedrach
De liuw is de iennige kateftige dy't yn in groep libbet. Trochstrings bestiet sa'n groep út fiif folwoeksen wyfkes (twa oant twintich), ien of twa folwoeksen mantsjes (oant acht) en harren jongen en ûnfolwoeksen neiteam. Somtiden bestiet in groep út mear as 30 liuwen. It is in losse groep en se kinne ek lytsere groepkes foarmje. As liuwen fan 'e selde groep inoar tsjinkomme folget der in ritueel fan wriuwe, slikje en spinne. Frjemde liuwen wurde meast fuortjage, of it no mantsjes of wyfkes binne. Liuwinnen bliuwe harren hiele libben by deselde groep, mantsjes meastentiids trije as fjouwer jier. Mantsjes sûnder in groep swalkje en dogge dat allinne of mei oare mantsjes. Sokke swalkjende mantsjes wurde yn 'e regel minder âld. De groep hat dêrfoaroer in fêst territoarium. Yn 'e Serengeti folgje se lykwols faak de trekkende gnoe's, sebra's en gazellen.
In grutste diel fan 'e dei docht in liuw neat. Se lizze somtiden wol 20 oeren deis yn it skaad te rêsten en binne allinne aktyf om te jeijen. De liuw yt benammen proaien tusken de 50 en 300 kg, mar as dy net oanwêzich binne siket er lytsere of gruttere bisten. It binne benammen de liuwinnen dy't jeije; 81% fan al it fretten yn in groep wurdt fongen troch wyfkes. Mantsjes kinne lykwols ek in proai deadzje.
De liuw jaget allinne, yn pearkes of yn gruttere groepen. Wat grutter de jachtgroep, wat grutter de proai. In groep liuwen jaacht fral op antilopen, sebra's, buffels, harten (yn Yndia) en oare grutte herbivoaren. Se besykje de proai nei in plak te jeijen, dêr't in stik of wat oare liuwinnen wachtsje om him te fangen. De liuw beslûpt earst de proai en falt dêrnei mei in flugge sprint oan. By sa'n oanfal kin de liuw 60 km yn it oere helje. Gruttere proaidieren wurde smoard, wylst de lytsere dieren deade wurde troch yn 'e kop, nekke of it boarst te biten.
As in proai fongen is, wurdt de hierargy fan 'e groep sichtber. De folwoeksen mantsjes meie earst ite. As dy sêd binne, krije de liuwinnen en de welpen fan wat der oer is. In liuw fret ek wol kringen oan en somtiden stelt er it iten fan oare bisten, lykas hyena's, loaihoarsen of jachtloaihoarsen. Minsken wurde yn 'e regel net oanfallen. Sike of ferwûne bisten akseptearje ek frij lytse proaien, lykas rotten, hagedissen, fisken en sels nuten.
As de lieder fan in groep útdage wurdt troch in swalkend mantsje, sil er fechtsje foar syn posysje. Soms bart it ek troch de grutter wurdende manlike welpen. Dominante liuwen en útdagers binne meastentiids tusken de fiif en tsien jier âld. De ferliezer moat de groep ferlitte en de winner wurdt of bliuwt de lieder. In nije lieder sil earst alle welpen dy't op dat stuit yn 'e groep libje, deadzje. Sa soarget er der foar dat de wyfkes wer fruchtber wurde. Salang wyfkes jongen ha wurde se dat net. De liuw kin dan foar eigen neiteam soargje.
Liuwen ha gjin fêste peartiid. It komt geregeld foar dat liuwinnnen yn in groep tagelyk yn 'e joeitiid reitsje, sadat meastentiids welpen tagelyk berne wurde. Wyfkes sûgje ek de welpen fan oare wyfkes. Der stjerre in soad welpen mei't nije mantsjes de welpen deadzje en swakke welpen meastentiids oan harren lot oerlitten wurde.
Nei de draachtiid fan hûndert dagen wurde twa oant seis jongen berne op in skûlplak tusken lang gers, yn tichte strewellen of tusken rotsen. De welpen binne by de berte blyn; de eagen geane earst trije oant alve dagen letter iepen. Nei in moanne begjinne se om te swalkjen en nei twa moannen geane se mei de folwoeksen bisten mei as dy te jeijen gean. De sûchtiid duorret likernôch acht moannen. Nei 18 moannen binne se selsstannich en nei fiif jier folgroeid.
De liuw âlet lûd, it mantsje âlet lûder. Fral nachts is it âljen fan 'e liuw goed te hearren, somtiden wol op in ôfstân fan 8 km. Mei it âljen hâldt de liuw kontakt mei de rest fan 'e groep. Hy jout dêrmei syn oanwêzigens en posysje oan en mooglik ek syn status yn 'e groep.
Yn it wyld wurdt in liuw likernôch 10 oant 14 jier, yn finzenskip kin in liuw wol 20 jier âld wurde.
Minskefretters
Minsken foarmje yn 'e regel gjin proai foar de liuw. Bekend binne lykwols de oanfallen fan liuwen op minsken by de bou fan in brêge oer de Tsavorivier yn Kenia yn 1898. Yn 'e njoggen moannen dat de brêge boud waard foelen liuwen 28 spoarweiarbeiders oan. In oar bekend gefal wie de minskefretter fan Mfuwe út 1991, dy't ferantwurdlik wie foar de dea fan seis minsken yn 'e delling fan 'e Luangwa, Sambia. De jagers dy't de minskefretters deaden beskreaune it rôfsuchtige gedrach fan 'e bisten yn 'e boeken. Der wiene opfallende oerienkomsten tusken de minskefretters fan Tsavo en Mfuwe. It gie yn beide gefallen om útsûnderlik grutte liuwen sûnder moannen en dy't te lijen hiene fan toskbedjer.
Oanfallen op minsken troch liuwen wurdt struktureel ûndersocht. Amerikaanske en Tanzaniaanske wittenskippers berjochten dat oanfallen op minsken op it Tanzaniaanske plattelân tusken 1990 en 2005 tanommen binne. Teminsten 871 minsken waarden yn dat tiidrek oanfallen en in soad dêrfan opfretten, in oantal dat folle heger is as de ferneamde Tsavo-oanfallen fan in iuw earder. De foarfallen fûnen plak yn 'e omkriten fan it Nasjonale Park Selous, yn it Rufiji-district en yn 'e provinsje Lindi by de grins mei Mozambyk. Troch de befolkingsgroei nimme needlottige moetings mei wylde bisten ta. Yn Tanzania is bygelyks de befoking tusken 1988 en 2002 mei in tredde tanommen (1988: 23,1 miljoen, 2002: 34,6 miljoen) en de taname fan moetings tusken minsken en liuwen rint dêr parallel mei. Dêrnjonken binne de populaasjes fan 'e favorite proaien fan liuwen drastysk ôfnommen. Dêrfoaroer is oantal boskbargen foars groeid. Yn gebieten wêr't minsken de omjouwing fan 'e Serengeti feroare ha, binne boskbaren no de belangrykste proai fan liuwen woarn. By ûndersyk die bliken fan 39% fan 'e oanfallen barde yn 'e tiid fan 'e rispinge tusken maart en maaie as boeren op it fjild sliepe om it gewaaks te beskermjen tsjin de foerazjearende boskbargen. It docht bliken dat de boskbargen de liuwen nei de minsken lokke.[2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Sjoch foar boarnen en referinsjes: nl:Leeuw en sa:Leeu (Undersoarten)
|