Márton Homonnai
Márton Homonnai | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Márton Homonnai | |
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 5 febrewaris 1906 | |
berteplak | Bûdapest | |
stjerdatum | 15 oktober 1969 | |
stjerplak | Buenos Aires ![]() | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Wetterpolo | |
O.S. | Parys 1924, Amsterdam 1928, Los Angelees 1932 Berlyn 1936 | |
wichtige prestaasjes | ||
![]() ![]() ![]() |
Márton Homonnai (berne as: Márton Hlavacsek) (Bûdapest, 5 febrewaris 1906 - Buenos Aires Argentynje, 15 oktober 1969) wie in Hongaarsk wetterpoloër.
Hy die fjouwer kear mei it Europeeske kampioenskip en fjouwer kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1924, 1928, 1932 en 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen fjouwer kear Europeesk kampioen en twa kear Olympysk kampioen Hy spile yn Parys trije wedstriden, yn Amsterdam spile hy fjouwer wedstriden, yn Los Angeles waard hy by twa wedstriden opsteld en yn Berlyn spile hy alle sân de wedstriden.
Homonnai wie in rjochts-radikale plysjeman yn de Twadde Wrâldkriich en lid fan de Pylkruspartij, dy't Hitler en de nazy's stipe. Dêrom waard er nei de kriich ferfolge en letter by ferstek ta de dea feroardiele fanwegen oarlochsmisdieden, mar hy ûntsnapte oan ferfolging troch fia Dútslân nei Brazylje en letter Argentynje te fleanen.
Márton Homonnai wie de heit fan swimster Katalin Szőke dy't fanwegen de ferline fan har heit, de namme fan har mem oannaam.
Márton Homonnai ferstoar op 15 oktober 1969, yn 'e âldens fan 63 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|