Nei de foltôging fan syn oplieding oan 'e Hochschule für Schauspielkunst "Ernst Busch" yn Berlyn spile Waschke mei ferskate toanielselskippen en yn spylfilms lykas Playoff (2011), Fenster zum Sommer (2011) en Habermann (2010), dêr't er yn 2010 de Bayerischer Filmpreis foar de bêste akteur krige. Yn 2009 krige Waschke de priis foar bêste akteur op it RomaFictionFest foar syn rol yn 'e dramasearje Buddenbrooks. Sûnt 1999 is er ferbûn oan it Berliner Ensemble teater. Yn 2012 spile er de rol fan Jörg yn Barbara en yn 2013 spile er de haadrol Eduard yn 'e film &ME.
Begjin 2014 waard bekend dat Waschke tegearre mei Meret Becker it nije Tatort-team foarmje soe yn Berlyn. De earste ôflevering mei team Rubin en Karow waard op 22 maart 2015 útstjoerd.