Marshall Wayne
Marshall Wayne | ||
sporter | ||
Marshall Wayne (lofts) (1936) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Marshall Wayne | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 25 maaie 1912 | |
berteplak | St. Louis | |
stjerdatum | 16 juny 1999 | |
stjerplak | Hendersonville | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Keunstdûken | |
O.S. | Berlyn 1936 | |
wichtige prestaasjes | ||
1x Olympyske Spullen 1936, 1x Olympyske Spullen 1936 |
Marshall Wayne (St. Louis, 25 maaie 1912 - Hendersonville, 16 juny 1999) wie in Amerikaansk keunstdûker.
Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen op de tsien meter toer en op de trije meter planke waard Wayne twads.
Nei de Olympyske Spullen gie er by de Amerikaanske Legerloftstriidkrêften en waard offisier fan de 7th Photo Reconnaissance Group dat legere wie yn Mount Farm, Ingelân. Yn 1945 rekke hy ferwûne by in fleanûngelok boppe Itaalje. Hy sprong mei syn parasjute út it fleantúch en bedarre yn in beam. Hy waard opfongen troch in Italjaanske famylje en wist letter fia in smokkelrûte út Itaalje nei Ingelân te ûntkommen. Nei de Twadde Wrâldkriich hat er as model wurke. Hy boaske yn 1952 mei aktrise Lucia Robinson, it pear krige twa dochters.
Marshall Wayne ferstoar op 16 juny 1999, yn 'e âldens fan 87 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|