Marylân
| ||||
Ofkoarting | MD | |||
Haadstêd | Annapolis (Maryland) | |||
Tiidsône | -5 | |||
Algemien | ||||
---|---|---|---|---|
Oerflakte | 32.160 | |||
Befolking | 5.558.058 | |||
Oare ynformaasje | ||||
Tatreden | 28 april 1788 | |||
Oantal countys | 23 |
- Maryland wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: Maryland (betsjuttingsside).
Marylân is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika en ferneamd nei de frou fan kening Karel I fan Ingelân. De haadstêd is Annapolis.
Skiednis
Marylân wie foarhinne in Britske koloanje, stifte troch George Calvert (Lord Baltimore), dy't op 25 maart 1634 de earste kolonisten nei it gebiet helle. It meastepart fan de ynwenners wie katolyk, wylst dat destiidsk by de measte oare kolonys net it gefal wie. De Maryland toleration act út 1649 wie ien fan de earste wetten dy't eksplisyt meardere (kristlike) leauwens tastie.
Marylân wie ien fan de trettjin koloanjes dy't yn opstân kamen tsjin de Britske kroan (sjoch Amerikaanske Revolúsje). Under de Amerikaanske Boargeroarloch hâlde Marylân, dat tusken de Uny- en de Konfederaasjesteaten yn lei, har foar it grutste part ôfsidich. Wol fûn der op 17 septimber 1862 de bluodderige fjildslach by Antietam plak.
Geografy
De steat Marylân is 32.160 km² grut en leit yn de Eastern tiidsône. It gebiet grinzet yn noarden oan Pennsylvania, yn it westen en suden oan West Firginia en Firginia, en yn it easten oan Delaware.
It lân is nei it westen ta in stik heuveleftiger as yn it easten. It heechste punt leit op 1024 meter boppe seenivo. De súdgrins wurdt foarme troch de Potomak, dy't krekt as de Susquehanna útkomt yn de Chesapeake Bay. It gebiet by dizze baai is sompich.
Keppeling om utens
steaten | |
---|---|
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin | |
ûnynkorporearre territoaria | |
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko | |
federaal distrikt | |
Distrikt Kolumbia |