Maud fan Bruce (dochter fan Robert I)
Maud fan Bruce | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Skotsk | |
bertedatum | 12 july 1303 | |
berteplak | Kastiel fan Turnberry? (Skotlân) | |
stjerdatum | 20 july 1353 | |
stjerplak | Fearn (Skotlân) | |
dynasty | Hûs Bruce | |
etnisiteit | Skotsk Iersk Ingelsk Normandysk |
Maud fan Bruce (Ingelsk: Maud Bruce; folút: Matilde fan Bruce, Ingelsk: Mathilda Bruce, Normandysk-Frânsk: Mathilde de Brus; Kastiel fan Turnberry (Skotlân), 12 july 1303 – Fearn (Skotlân), 20 july 1353) wie in Skotske prinsesse en de âldste dochter út it twadde houlik fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce.
Libben
Oer Maud fan Bruce is net sa'n soad oerlevere. Hja waard yn 1303 berne as it earste bern út it houlik fan 'e Robert fan Bruce, greve fan Carrick, en dy syn twadde frou Elizabeth fan Burgh. Sawol oan heite- as memmekant stamme hja út foarname Normandyske aadlike geslachten, mei dêropta Skotsk, Ingelsk en Iersk bloed. Maud kaam te wâld yn Carrick, wierskynlik op it Kastiel fan Turnberry, dat de residinsje fan 'e greven fan Carrick wie. Har folute namme wie 'Matilde', mar yn 'e measte boarnen wurdt har ropnamme 'Maud' oanholden.
Doe't Maud trije jier wie, kaam har heit as Robert I op 'e Skotske troan. Se hie in trettjin jier jongere folle suster, Margareta, en in jongere broer, David II, mei wa't se mear as tweintich jier skeelde, en dy't nei it ferstjerren fan harren heit kening fan Skotlân waard. In twadde broer fan Maud, David syn twillingbroer, dy't fan Jan hiet, kaam al mei trije jier te ferstjerren. Maud hie ek in âldere healsuster, Marjorie, út har heite earste houlik mei Isabella fan Mar.
Maud troude op in ûnbekende datum mei in Thomas Isaac of Tomas fan Isaac, dy't fan lege adel wie. Hja krigen fjouwer bern:
- Sjanette Isaac (±1337-1382)
- Katerine Isaac (±1338-1???)
- Maud Isaac (±1339-1???)
- Jan Isaac (±1350-1419)
Maud stoar yn 1353 yn in kleaster by Fearn, dêr't hja ek begroeven leit, yn 'e âlderdom fan fyftich jier.
Foarâlden fan Maud fan Bruce
16. Robert fan Bruce, 4e hear fan Annandale | ||||||||||||||||
8. Robert fan Bruce, 5e hear fan Annandale | ||||||||||||||||
17. Isabella Canmore, grevinne fan Huntingdon | ||||||||||||||||
4. Robert fan Bruce, 6e hear fan Annandale | ||||||||||||||||
18. Gilbert fan Clare, 5e greve fan Gloucester en Hertford | ||||||||||||||||
9. Isabella fan Clare, grevinne fan Gloucester en Hertford | ||||||||||||||||
19. Isabella Marshal, grevinne fan Pembroke | ||||||||||||||||
2. Robert I, kening fan Skotlân | ||||||||||||||||
20. Cailean, greve fan Carrick | ||||||||||||||||
10. Neil, greve fan Carrick | ||||||||||||||||
21. ûnbekend | ||||||||||||||||
5. Marjorie, grevinne fan Carrick | ||||||||||||||||
22. Walter Stewart, 3e grutsteedhâlder fan Skotlân | ||||||||||||||||
11. Margareta Stewart, frouwe fan Dundonald | ||||||||||||||||
23. Bethóc, grevinne fan Angus | ||||||||||||||||
1. Maud fan Bruce | ||||||||||||||||
24. Richard fan Burgh, 1e baron fan Konnacht | ||||||||||||||||
12. Walter fan Burgh, 1e greve fan Ulster | ||||||||||||||||
25. Egidia fan Lacy, baronesse fan Konnacht | ||||||||||||||||
6. Richard fan Burgh, 2e greve fan Ulster | ||||||||||||||||
26. Jan FitzGeoffrey | ||||||||||||||||
13. Isabella FitzJohn | ||||||||||||||||
27. Isabella Bigod | ||||||||||||||||
3. Elizabeth fan Burgh, grevinne fan Ulster | ||||||||||||||||
28. Hubert fan Burgh, 1e greve fan Kent | ||||||||||||||||
14. Jan fan Burgh | ||||||||||||||||
29. Beätriks fan Warenne | ||||||||||||||||
7. Margareta fan Burgh | ||||||||||||||||
30. Willem III fan Lanvaley | ||||||||||||||||
15. Hawise fan Lanvaley | ||||||||||||||||
31. Maud fan Peche | ||||||||||||||||
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |