Milwaukee

Milwaukee
Emblemen
            
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Wiskonsin
County Milwaukee County
Washington County
Waukesha County
Ozaukee County
Sifers
Ynwennertal 598.916 (2012)
Oerflak 150,7 km² (ynkl. wetter)
249,0 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 2.389,4 / km²
Stêdekloft 1.566.981 (2010)
Hichte 188 m
Oar
Stifting 1818
Tiidsône UTC -6
Simmertiid UTC -5
Koördinaten 43°03′08″N 87°57′21″W
Offisjele webside
www.city.milwaukee.gov
Kaart
De lizzing fan Milwaukee (read) yn en bûten Milwaukee County en yn 'e steat Wiskonsin.
Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Wiskonsin. Foar oare betsjuttings, sjoch: Milwaukee (betsjuttingsside).

Milwaukee (útspr.: /mɪl'wɔ:ki:/) is de grutste stêd yn 'e noardlike Amerikaanske steat Wiskonsin. It leit oan 'e eastkust fan 'e Michiganmar, ien fan 'e Grutte Marren. Milwaukee is it haadplak fan it omlizzende Milwaukee County, mar de bûtenwiken derfan stekke út oer de grinzen fan Washington County, Waukesha County en Ozaukee County . Neffen in offisjele skatting út 2012 hie Milwaukee doe krapoan 600.000 ynwenners. As stêdekloft, wêrby't alle foarstêden en de heal ferstedske omlizzende plattelânskrite meirekkene wurde, komt it neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 út op in ynwennertal fan hast 1,6 miljoen minsken. Milwaukee stiet fral bekend om it bier dat der fan âlds broud wurdt, en teffens om't it ynternasjonale haadkertier fan motorprodusint Harley-Davidson der fêstige is.

Skiednis

De omkriten fan Milwaukee waarden oarspronklik bewenne troch de Algonkwynske Menominy, Foks, Sôk, Maskouten, Potawatomy en Odjibwe en de Sûaanske Winnebago. De namme "Milwaukee" komt fan it Potawatomy-wurd minwaking (of mooglik it Odjibwe-wurd ominowakiing), dat "gearkomstplak oan 'e wetterkant" betsjut. Frânske misjonarissen, pelsjagers en pelzekeaplju diene yn 'e santjinde en achttjinde iuw it gebiet oan, mar de earste kolonist fan Jeropeesk komôf dy't him der nei wenjen sette, wie de Frânsk-Kanadees Alexis Framboise, dy't der yn 1785 in hannelspost begûn.

It stânbyld fan Solomon Juneau, de stifter en earste boargemaster fan Milwaukee.

Yn 1818 stifte in oare Frânsk-Kanadees, Solomon Juneau, fuortby dy hannelspost, oan 'e eastkant fan 'e rivier de Milwaukee, in delsetting dy't er Juneau's Side, en letter ek wol Juneautown, neamde. Dat foarfal wurdt as it ierste begjin fan Milwaukee beskôge. Koarte tiid letter stifte Byron Kilbourn oan 'e westkant fan 'e Milwaukee in rivalisearjende delsetting, dy't Kilbourntown kaam te hjitten. Kilbourn bewissige him derfan dat de strjitten dy't omleech rûnen nei de rivier ta, net yn it ferlingde leine fan 'e strjitten fan Juneau's Side; dit ferklearret it grutte tal brêgen dat Milwaukee hjoed de dei noch altyd hat dat yn in brike hoeke op 'e rivier stiet om 'e stjitten oan wjerskanten mei-inoar te ferbinen. In trêde stifter wie George H. Walker, dy't yn 1834 de delsetting Walker's Point, besuden Juneau's Side, stifte.

Der bestie grutte rivaliteit tusken de trije delsettings, mar yn 't bysûnder tusken Juneau's Side en Kilbourntown, dy't yn 1845 syn hichtepunt berikte yn 'e saneamde Brêge-oarloch fan Milwaukee. Doe hiene de steatsautoriteiten fan Wiskonsin har nocht, en waard der fan hegerhân besletten om 'e trije tsierende delsettings mei-inoar te ferienjen ta ien plak, dat Milwaukee kaam te hjitten, en dêr't Solomon Juneau de earste boargemaster fan waard. Dat barde yn 1846, en de nije delsetting krige daliks de offisjele status fan stêd. Yn 't earstoan waard dy namme trouwens stavere as "Milwaukie", en it is net alhiel dúdlik wannear't de tsjintwurdige stavering yn gebrûk kaam, mar dat moat nei alle gedachten om 1850 hinne west hawwe. Ien ferhaal wol hawwe dat in pleatslike krante op in dei op eigen manneboet besletten hat in nije stavering yn te fieren, en dat de staveringswize "Milwaukee" doe sa ynboargere rekke is dat it stedsbestjoer it op 'e lêst mar oernommen hat. De oarspronklike stavering libbet noch fuort yn 'e namme fan Milwaukie, yn 'e westlike steat Oregon, dat yn 1847 nei Milwaukee neamd waard.

Fan 1845 ôf begûn Milwaukee hurd te groeien, mei't har der grutte oantallen lju út Dútslân nei wenjen setten. De earste weach ymmigranten, dy't tusken 1845 en 1855 oerkaam, wie fierhinne ôfkomstich út Beieren en oare kriten yn súdlik Dútslân; de twadde weach, fan 1865-1873, kaam út noardwestlik Dútslân; en de trêde weach, fan 1880-1893, kaam út noardeastlik Dútslân. Tsjin 'e iuwiksel hie 34% fan 'e ynwenners in Dútske eftergrûn, en Milwaukee krige de namme de meast Dútske stêd fan Amearika te wêzen, net inkeld kwa grutte fan 'e Dútske mienskip, mar fanwegen de ynfloed dy't de Dútske mienskip op 'e pleatslike kultuer útoefene. (Dy ynfloed is hjoed de dei noch altiten fielber, en wurdt mei sin troch de Milwaukeesters oanwakkere mei eveneminten as it jierlike Dútske Feest, yn july, en it Oktoberfeest, yn oktober.) Mei de Dútsers kaam ek it bierbrouwen te Milwaukee, mei't in protte fan 'e Dútsers de tradisjonele bierbrouwerijen oprjochten dêr't de stêd noch altiten om bekend stiet.

De roomske Sint-Stanislaustsjerke.

Njonken de Dútsers setten har ek withoefolle Poalen yn Milwaukee nei wenjen, dat der ûntjoech him yn 'e stêd ien fan 'e grutste Poalske mienskippen fan 'e hiele Feriene Steaten. Yn 1850 wiene der 75 Poalen yn Milwaukee; yn 1915 wiene dat der mear as 100.000. It sintrum fan 'e Poalske mienskip wie de roomske Sint-Stanislaustsjerke oan Mitchell Street. Oare grutte groepen njoggentjinde-iuwske ymmigranten út Jeropa wiene Litouwers, Italjanen, Ieren, Frânsen, Russen, Tsjechen en Sweden.

Yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw fêstigen har ek grutte Grykske, Kroätyske, Servyske en Afro-Amerikaanske mienskippen yn 'e stêd. Fierders wiene der om 1925 hinne sa'n 9.000 Meksikanen yn Milwaukee, mar de wurkleazens yn 'e Krisisjierren twong harren om werom nei Meksiko. De hjoeddeiske Latino-mienskip yn 'e stêd is ûntstien sûnt 1950. Yn 'e tweintichste iuw wie Milwaukee de readste grutte stêd fan 'e Feriene Steaten. It wie in sintrum fan 'e fakbûnsbeweging, en de Sosjalistyske Partij fan Amearika (SPA) hie der de bêste ferkiezingsútslaggen. Trije leden fan 'e SPA tsjinnen as boargemaster fan Milwaukee: Emil Seidel (1910-1912), Daniel Hoan (1916-1940) en Frank Zeidler (1948-1960).

It Milwaukee Art Museum.

Milwaukee hjoed de dei

De ekonomy fan Milwaukee stipet tsjintwurdich fierhinne op 'e tsjinstesektor; sawol it bankwêzen as grutte fersekeringsmaatskippijen nimme in wichtich plak yn. Kwa wurkgelegenheid stiet lykwols de sûnenssoarch oan 'e top, mei 27% fan alle banen yn 'e stêd. Fierders is Milwaukee sûnt de 1850-er jierren suver synonym wurden mei bier, en hoewol't dat sûnder mis fan belang is foar it imago fan 'e stêd, stelle de brouwerijen op it mêd fan wurkgelegenheid net in protte mear foar. Boppedat binne troch de jierren hinne alle grutte bierbrouwers út Milwaukee wei gien, mei útsûndering fan 'e Miller Brewing Company. It bekendste bedriuw dat yn 'e stêd oprjochte is en dat der noch altyd syn ynternasjonaal haadkertier hat, is motorprodusint Harley-Davidson.

It haadgebou fan 'e Universiteit fan Wiskonsin-Milwaukee.

Op it mêd fan ûnderwiis beskikt Milwaukee oer in trettjintal universiteiten en hegeskoallen, mei as wichtichste en grutste de Universiteit fan Wiskonsin-Milwaukee, in ûnderdiel fan 'e gruttere Universiteit fan Wiskonsin. De stêd wurdt fierders betsjinne troch twa fleanfjilden, de Ynternasjonale Lofthaven General Mitchell, oan 'e súdlike stedsrâne, en it folle lytsere fleanfjild Timmerman Field, oan 'e noardkant. Wat toerisme, besjensweardichheden en ferdivedaasje oangiet, hat Milwaukee it Milwaukee Art Museum, dat syn grutte keunstkolleksje húsfêste hat yn in opfallend gebou, ûntwurpen troch arjitekt Santiago Calatrava. De stêd is ek de thúsbasis fan ferskate bekende sportteams, lykas it honkbalteam de Milwaukee Brewers, it iishockeyteam de Milwaukee Admirals en it basketbalteam de Milwaukee Bucks. Ta beslút moat noch fermelden wurde dat de ferneamde tillefyzjesearje Happy Days, út 'e jierren santich, yn Milwaukee spile. Yn 2008 waard der oan 'e Riverwalk, yn 'e binnenstêd, in brûnzen stânbyld fan Fonzie, de haadpersoan út dy searje, oprjochte. Net elkenien wie dêr like bliid mei.

Demografy

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Milwaukee 10,9 % âlder as 65 jier en 28,6% jonger as 18 jier. Fierders bestie 41.8% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 21,3% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 40,0% swarten; 37,0% blanken; 17,3% Latino's; 3,4% Aziaten; 0,8% Yndianen; 1,5% oaren of fan mingd etnysk komôf. Fan 'e blanke ynwenners fan Milwaukee hie rûchwei in fyfdepart (20,8%) Dútske foarâlden. Oare oansjenlike groepen wiene fan Poalsk (8,8%), Iersk (6,5%), Italjanen (3,6%), Ingelsk (2,8%) of Frânsk komôf (1,7%).

De botanyske tún Boerner Botanic Garden.
De roomske Sint-Josafatbasilyk.

Berne yn Milwaukee

Klimaat

Milwaukee hat in wiet lânklimaat, mei fochtige waarme simmers en kâlde snieïge winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 26,7 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat –1,7 °C. Rekôrtemperatueren wiene 41 °C op 24 july 1934 en –32 °C op 17 jannewaris 1982 en 4 febrewaris 1996. Milwaukee kriget jiers trochinoar 882,9 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 126,7 sm snie.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.