Munster fan Freiburg

Munster fan Freiburg
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Baden-Wuertemberch
plak Freiburg im Breisgau
koördinaten 47°59' N 7°51' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdom Freiburg
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boustyl gotyk
Webside
www.freiburgermuenster.info
Kaart
Munster fan Freiburg (Baden-Wuertemberch)
Munster fan Freiburg

De Munster fan Us Leaffrou (Dútsk: Freiburger Münster; Münster Unserer Lieben Frau) is in katedraal oan it Münsterplatz yn 'e Dútske stêd Freiburg im Breisgau. Mei de bou fan 'e tsjerke waard om 1200 hinne útein set. Doe wie dat noch yn romaanske styl, mar sûnt 1230 waard der fierder wurke oan 'e bou yn goatyske styl.

De munstertsjerke waard foar in part op 'e fûneminten fan in tsjerke boud, dy't út de stiftingstiid fan Freiburg datearre.

Yn 'e midsiuwen makke Freiburg diel út fan it bisdom Konstanz. Mei de oprjochting fan it katolike bisdom Freiburg yn 1821 waard de munstertsjerke in katedraal.

Skiednis

Plattegrûn.

Mei de nijbou fan 'e tsjerke waard om 1200 yn letromaanske styl begûn. It oarspronklike plan wie in romaanske, trijeskippige tsjerke mei in dwersskip en in mearsidich koar. De âldste noch út dy tiid bewarre boudielen binne yn it eastlike diel fan it bouwurk te finen en wike dúdlik ôf fan 'e rest fan 'e tsjerke. De beide oan it koar grinzgjende romaanske Hahnentürme út 1200 waarden letter mei nochris in ferdjipping ferhege en krigen goatyske spitsen.

De plannen feroaren tusken 1220-1230 yn in tiid doe't de wenstige boustyl oergyng fan letromaansk nei iergoatysk. Nei de bou fan it tsjerkeskip en de toer, waard it âlde romaanske koar ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in langer goatysk koar mei in krâns fan 13 kapellen. Dat lêste wurk duorre noch oant 1513. Op it plak fan 'e 14e kapel waard in sakristy oanboud. It wie de munster fan Straatsburg dy't op dy ûntjouwing yn 'e regio it stimpel sette.

De tsjerke is de iennige grutte goatyske tsjerke fan Dútslân, wêrfan't de toer foltôge yn 'e midsiuwen (1330) foltôge waard. Alhoewol't de toer ûnder de bombardeminten fan 27 novimber 1944 swiere trillingen wjerstean moast, bleau it bouwurk as troch in wûnder sparre, wylst in grut part fan 'e bebouwing om 'e tsjerke hinne ferwoastge waard. Ek de brânskildere ramen bleaune yn 'e oarspronklike steat bewarre, tanksij it feit dat de ramen út foarsoarch op 'e tiid út de tsjerke ferwidere en oan 'e ein fan 'e kriich earne oars opslein waarden.

Oant 1821 wie de katedraal in gewoane parochytsjerke. Dat ferklearret wêrom't de katedraal fan Freiburg yn tsjinstelling ta oare goatyske katedralen mar ien toer hat yn stee fan twa.

Ynterieur

Portaal
Heechalter
Fêsteldoek

Oan 'e sydmuorren fan it foarportaal steane û.o. de bylden fan 'e fiif ferstannige en de fiif sleauwe jongfammen (Mattéus 25:1-13). Links steane de ferstannige jongfammen, dy't mei harren folle oaljelampen de lju útnoegje de tsjerke yn te gean en rjochts skrieme de sleauwe jongfammen mei harren lege lampen om it heil dat harren ûntsein wurdt. Oan 'e ferstannige jongfammen slút noch in rige bylden fan Bibelske figuren oan. It timpaan fan it portaal lit foarstellings fan Kristus sjen en 'e Jongste Dei. Yn 'e portaalbôgen steane de bylden fan Ecclesia en (mei in blyndoek foar) Synagoge, de Trije Keningen en Marije mei in ingel (Annunsiaasje).

It skip wie yn 'e midsiuwen beskildere. Yn 'e barokke tiid waarden de fresko's mei in grize kleur oerskildere. By it ferwiderjen fan dy grize skilderlaach yn 'e 19e iuw gyngen ek de midsiuwske fresko's foar in grut diel ferlern, sadat tsjintwurdich noch op inkelde plakken wat fragminten fan 'e midsiuwske beskildering te sjen binne. Yn 1955 waard oan 'e eastlike kant fan it súdlike sydskip in foarstelling fan 'e hillige Martinus losmakke en konservearre. Dy foarstelling wurdt tsjintwurdich yn 'e Sint-Martinustsjerke fan Freiburg bewarre.

De belangrykste alters binne it heechalter fan Hans Baldung Grien en in alter fan Hans Holbein de Jonge yn ien fan 'e sydkapellen. It heechalter is in fleugelalter mei skildere foarstellings út 1512-1516. Yn 'e krysttiid binne foarstellings út it Krystferhaal te sjen (Annunsiaasje, de besite fan Marije oan har nicht Elisabet, de berte fan Kristus en de flecht nei it Egyptelân). Op oare tiden toant it alter as sintrale foarstelling de kroaning fan Marije, mei oan beide kanten seis apostels. By de ôfbyldings fan 'e apostels trede Petrus en Paulus dúdlik op de foargrûn. Op 'e aefterkant fan it heechalter is de krusiging fan Kristus skildere. Dêr hat de skilder Hans Baldung himsels ek as in feint portretearre. Yn de fêsteltiid giet it heechalter skûl efter in fêsteldoek fan 1014 by 1125 sm. It mear as 1000 kg. wegende fêsteldoek stamt út 1612 en is yn syn soarte it grutste bewarre doek yn Jeropa.

It âldste keunstwurk fan 'e tsjerke hinget sûnt desimber 2009 yn 'e alterromte. It is in letromaansk krús, it saneamde Böcklinkreuz, dat troch hartoch Berthold V stifte waard. It 2,63 meter hege krús is om it jier 1200 hinne fan ikehout makke en mei sulver beslein. It hong foarhinne yn ien fan 'e koarkapellen.

De stiennen kânsel is in wurk fan 'e byldhouwer Jörg Kempf út 1501.

De lêste hartoch fan Zähringen, dy't mei de bou fan 'e katedraal begûn, waard yn 'e tsjerke byset. It grutte, tsjintwurdich steande byld, is in restant fan it grêf.

Yn in nis fan it súdlike sydskip stiet in monumintaal Hillich Grêf. It is ien fan 'e earste en wichtigste Hillige Grêven fan Dútslân, dy't yn likernôch 1330 ûntstie. Op in mei wynranken dekorearrre grutte sarkofaach leit in 2,18 byld fan ; e ferstoarne Kristus mei dêr omhinne trije froulje en twa ingels. Oan 'e foarkant fan 'e sarkofaag lizze fiif sliepende wachters yn it harnas.

Brânskildere ramen

Brânskildere ramen.

De brânskildere ramen binne makke yn 'e ferskillende bouperioades fan 'e munstertsjerke. Yn it romaanske dwersskip binne de ramen út 1220-1260. De measte goatyske finsters yn it tsjerkeskip (1330) binne skonken troch gilden, hokker gilde is te sjen oan 'e foarwerpen dy't yn it rút ferarbeide binne. Keizer Maksimiliaan skonk it keizersraam yn it heechkoar. Doe't de gotyk út de moade rekke, waarden in rige fan midsiuwske ramen ferwidere om't mear ljocht yn 'e tsjerke winske waard. Dêrmei gyngen in mannich weardefolle ramen foar ivich ferlern. Yn 'e begjin fan 'e 20e iuw restaurearre de glêskeunstner Fritz Geiges de ramen. Hy ferfong in tal orizjinele ramen troch kopieën en folle ûntbrekkende dielen oan. Ek ûntwurp hy nije ramen yn histoaryske styl.

Oargel

It fjouwerdielige oargelkompleks bestiet út it Marienorgel yn it noardlike dwersskip, it swellenêstoargel yn it skip fan 'e tsjerke, it Michaelsoargel op 'e kreake ûnder de toer en it koeroargel. It hat meiïnoar 144 registers ferdield oer fjouwer manualen en pedaal en is dêrmei ien fan 'e grutste oargels fan Dútslân. Oan it oargelkompleks wurken fan 1964 oant 1966 ferskate oargelbouwers (Rieger, Marcussen, Späth en Fischer & Krämer) mei. Yn 2008 waard it Michaelsorgel troch nijbou fan 'e orgelbouwer Metzler út Dietikon by Zürich ferfongen.

Klokken

Yn 'e toer hingje 19 klokken. De âldste is de Hosanna-klok út 1258, dy't 3.290 kg. weecht. De Hosanna slacht alle tongersdeitejûnen nei it angelus, freeds om 11:00 oere, op saterdeitejûnen en alle jierren op 27 novimber ta neitins oan 'e bombardeminten op 'e stêd yn 'e oarloch.

Behâld

Ta behâld fan 'e katedraal is de Freiburger Münsterbauverein oprjochte. De feriening ynvestearret alle jierren miljoenen euro's yn it ûnderhâld en it behâld fan it gebou en de keunstwurken.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: Münster


Keppeling om utens