Negev

De Zindelling sjoen fan it begraafplak fan David Ben-Gurion by Midreshet Ben Gurion.
Acacia-beam yn Makhtesh Gadol.

De Negev (of Negeb; Hebriuwsk:נֶּגֶב; Arabysk:النقب al-Naqab) is in woastyn en healwoastyn yn it suden fan Israel. De Arabieren en de lânseigen Bedûïnebefolking, tsjutte de woastyn oan mei al-Naqab. De oarsprong fan it wurd Neghebh (of yn it modern Hebriuwsk Negev) komt fan it Hebriuwske wurd foar 'drûch', 'skrok'. Yn de bibel wurdt Neghebh ek brûkt foar de wynrjochting 'súd' en 'Suderlân'.

De Negev rint fan Beersjeba yn iy noarden oant Eilat yn it fierste suden, en omfiemet mear as 60% fan it grûngebiet fan Israel. Noardeastlik fan de Negev leit de Deade See, yn it noardwesten de Gazastreek.

De Negev kin beskôge wurde as in lyts part fan de enoarme woastynstreek dy't fan de Atlantyske Oseaan oant de Yndyske Oseaan rint; ûnder oaren de Sahara, de Sinaïwoastyn en de Grutte Arabyske Woastyn op it Arabysk Skiereilân haerre dêr ta.

Beersjeba wurdt sjoen as de haadstêd fan de Negev. Om 1900 hinne makken de Turken in soarte fan regionaal sintrum foar de Negev fan dizze stêd.

De Negev wurdt al tûzenen jierren troch nomadyske Bedûinen bewenne, faaks wol 7000 jierren.

Stêden yn de Negev

  • Arad
  • Beersjeba
  • Dimona
  • Eilat
  • Rahat

Bergen yn de Negev

Ruïne yn de Negev
  • Har Ardon
  • Har Argaman
  • Har Gizron
  • Har Hatira
  • Har Hogen
  • Har Karkom
  • Har Loz
  • Har Rahama
  • Har Ramon (Heechste berch)

Keppelings om utens