Noardwest-Meklenburch

Noardwest-Meklenburch
flagge wapen
polityk
soarte gebiet Lânkring
lân Dútslân
bûnslân Meklenburch-Foarpommeren
haadplak Wismar
tal gemeenten 83
kenteken NWM, GDB, GVM, WIS, (HWI)
Kreisschlüssel 13 0 74
sifers
ynwennertal 160.288 ((31.12.2022)
oerflak 2.127,06 km²
befolkingstichtens 75 ynw./km²
oar
stifting 1994
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.nordwestmecklenburg.de

De lânkring Noardwest-Meklenburch (Dútsk: Landkreis Nordwestmecklenburg) is in bestjoersdistrikt yn it noardwestlike diel fan 'e Dútske dielsteat Meklenburch-Foarpommeren. It bestjoerlike sintrum is de stêd Wismar.

De lânkring leit oan 'e kust fan 'e Eastsee en grinzget yn it west oan 'e dielsteat Sleeswyk-Holstein. Oanbuorjende distrikten binne fanút it easten mei de klok mei: de lânkringen Rostock en Ludwigslust-Parchim, de kringfrije stêd Schwerin, de kring Lauenburg en de kringfrije stêd Lübeck yn Sleewyk-Holstein.

Yn Noardwest-Meklenburch lizze foar in part twa grutte marrren: oan de westlike kant de eastlike helte fan de Schaalsee (23 km²) en yn it suden de noardlike helte fan de Schweriner See (63 km²). Fierder hat Noardwest-Meklenburch noch twa lytsere marren: de Bibowsee (0.79 km²) en de Mechower See (km²). It yn 'e Eastsee lizzende eilân Poel heart ek by Noardwest-Meklenburch.

Skiednis

Noardwest-Meklenburch ûntstie yn 1994 troch de gearfoeging fan 'e eardere distrikten Gadebusch, Grevesmühlen en Wismar mei in pear lytsere dielen fan de distrikten Sternberg en Schwerin-Land. By de weryndieling fan 2011 waard it gearfoege mei de eardere kring-frije stêd Wismar. De namme fan 'e lânkring waard mei in referindum op 4 septimber 2011 fêststeld.

Stêden en gemeenten

Yndieling fan 'e lânkring Noardwest-Meklenburch
Amt-frije stêd Amt-frije gemeenten
  1. Grevesmühlen
  2. Wismar
  1. Poel
Amten
  • 1. Dorf Mecklenburg-Bad Kleinen
  1. Bad Kleinen
  2. Barnekow
  3. Bobitz
  4. Dorf Mecklenburg1
  5. Groß Stieten
  6. Hohen Viecheln
  7. Lübow
  8. Metelsdorf
  9. Ventschow
  • 2. Gadebusch
  1. Dragun
  2. Gadebusch1, 2
  3. Kneese
  4. Krembz
  5. Mühlen Eichsen
  6. Roggendorf
  7. Rögnitz
  8. Veelböken
  • 3. Grevesmühlen-Land

(bestjoerssintrum: Grevesmühlen)

  1. Bernstorf
  2. Gägelow
  3. Roggenstorf
  4. Rüting
  5. Stepenitztal
  6. Testorf-Steinfort
  7. Upahl
  8. Warnow
  • 4. Klützer Winkel
  1. Boltenhagen
  2. Damshagen
  3. Hohenkirchen
  4. Kalkhorst
  5. Klütz1, 2
  6. Zierow
  • 5. Lützow-Lübstorf
  1. Alt Meteln
  2. Brüsewitz
  3. Cramonshagen
  4. Dalberg-Wendelstorf
  5. Gottesgabe
  6. Grambow
  7. Klein Trebbow
  8. Lübstorf
  9. Lützow1
  10. Perlin
  11. Pingelshagen
  12. Pokrent
  13. Schildetal
  14. Seehof
  15. Zickhusen
  • 6. Neuburg
  1. Benz
  2. Blowatz
  3. Boiensdorf
  4. Hornstorf
  5. Krusenhagen
  6. Neuburg1
  • 7. Neukloster-Warin
  1. Bibow
  2. Glasin
  3. Jesendorf
  4. Lübberstorf
  5. Neukloster1, 2
  6. Passee
  7. Warin2
  8. Zurow
  9. Züsow
  • 8. Rehna
  1. Carlow
  2. Dechow
  3. Groß Molzahn
  4. Holdorf
  5. Königsfeld
  6. Rehna1, 2
  7. Rieps
  8. Schlagsdorf
  9. Thandorf
  10. Utecht
  11. Wedendorfersee
  • 9. Schönberger Land
  1. Dassow2
  2. Grieben
  3. Lüdersdorf
  4. Menzendorf
  5. Roduchelstorf
  6. Schönberg1, 2
  7. Selmsdorf
  8. Siemz-Niendorf
1 - bestjoerssintrum fan it amt; 2 - stêd
Meklenburch-Foarpommeren Flagge fan Meklenburch-Foarpommeren
Landkreise

Foarpommeren-Greifswald - Foarpommeren-Rügen - Ludwigslust-Parchim - Mecklenburgische Seenplatte - Noardwest-Meklenburch - Rostock

Kreisfreie Städte

Rostock - Schwerin

· · Berjocht bewurkje
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Landkreis Nordwestmecklenburg fan Wikimedia Commons.