De rivier Motala ström streamt troch de stêd en soarget foar de ôffier fan wetter fan de Vättermar nei de Baltyske See. Wetterkrêft fan de rivier wie ien fan de faktoaren dy't derfoar soargen dat Norrköping in wichtige stêd foar de tekstylyndustry waard.