Ottawa

Ottawa
Polityk
Lân Kanada
Provinsje Ontario
Boargemaster Jim Watson
Sifers
Ynwennertal 883.391 (2011)
Oerflak 2.778 km²
Befolkingsticht. 316,6 km²
Hichte 0 m
Oar
Stifting 1855
Postkoade K0A, K1A-K4C
Tiidsône EST (UTC-5)
Simmertiid EDT (UTC-4)
Koördinaten 45° 25' NB, 75° 41' WL
Offisjele webside
www.ottawa.ca

Ottawa is de haadstêd fan Kanada. De stêd leit oan de rivier mei deselde namme yn it súdeasten fan de provinsje Ontario tsjin de grins fan de provinsje Québec. De stêd hat 812.129 ynwenners en in gebiet fan 2.778,13 km2.[1]

Fan de befolking hat 63,6% it Ingelsk en 15,1% it Frânsk as memmetaal.[2]

Stêdsgesicht

Lokaasje fan Ottawa yn de provinsje Ontario
Rideau Hall, residensje fan de Gûverneur-generaal
It Kanadeeske Parlemintsgebou

As federale haadstêd fan Kanada binne yn Ottawa in soad regearingsgebouwen, wêrfan't it parlemintsgebou it wiidst ferneamd is. Fierder is it Kanadeeske hegerjochtshôf yn de stêd en ek de offisjele residinsjes fan de minister-presidint fan Kanada (24 Sussex Drive / 24, promenade Sussex) en dy fan de Gûverneur-Generaal fan Kanada (Rideau Hall). Fierder binne der in soad museums yn Ottawa lykas de National Gallery of Canada / Musée des beaux-arts du Canada en it Canadian War Museum / Musée canadien de la guerre.

De Universiteit fan Ottawa is ien fan de âldste universiteiten fan it lân.

Skiednis

De earste Jeropeeske delsettings yn it gebiet waarden dêr fêstige fanwege de houtyndustrie. Nei de Oarloch fan 1812 waard ymmigraasje nei Ottawa troch de oerheid stimulearre en it tal ynwenners naam hurd ta. Kolonel John By naam yn 1832 it inisjatyf foar de oanlis fan it Rideaukanaal, in alternative rûte nei Montréal dy't fierder fan de Amerikaanske grins ôf leit. De stêd dy't dêrtroch ûntstie waard Bytown neamd en de oanlis fan it Rideaukanaal joech de regio ekstra betsjutting foar de hannel. Yn 1855 waard de namme Bytown feroare nei Ottawa.

Ottawa waard op 31 desimber 1857 as de haadstêd fan Kanada keazen: de kar foar de stêd wie in kompromys, omdat oare kandidaten lykas Montréal en Toronto tefolle yn de Frânske of Ingelske tradysje stienen. Boppedat lei de stêd in stik fierder fan de Amearikaanske grins ôf, wat as in (militêr) foardiel beskôge waard.

It parlemintsgebou fan Ottawa waard boud op in ôfrinnende heuvel, Parliament Hill / Colline du Parlement, tichteby it begjinpunt fan it Rideaukanaal. Op 3 febrewaris 1916 baarnde it gebou ôf wêrnei't yn 1922 it hjoeddeistige gebou oplevere waard mei de Peace Tower / Tour de la paix, de klokketoer, dy't hjoed-de-dei it symboal foar de haadstêd is.

Ottawa wie yn de Twadde Wrâldoarloch it wenplak fan prinses Juliana mei har bern, wêrtroch't de stêd noch altiten in bysondere bân mei Nederlân hat. Alle jierren, yn maaie, fynt yn Ottawa it Tulip Festival / Festival des tulipes plak, wêrby't it Nederlânske keningshûs 10.000 tulpenbollen nei de stêd stjoert as tankberens foar de hûsfesting fan de keninklike famylje en de befrijing fan Nederlân troch de Kanadezen.

Ottawa foarmet tegearre mei it yn Québec lizzende Gatineau de National Capital Region / Région de la capitale nationale.

Berne yn Ottawa