Readboarstgoes

Readboarstgoes
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Ansariformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai seeguozzen (Branta)
soarte
Branta ruficollis
Pallas, 1769
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet

De readboarstgoes (Branta ruficollis) is in fûgel fan it skaai seeguozzen (Branta) út de famylje einfûgels (Anatidae).

Beskriuwing

Readboarstguozzen by Aldegea (SWF)
Foto: Wietze de Vries, Snits.

De 53 oant 55 sm grutte readboarstgoes is in kleurrike seegoes. Lykas syn namme oantsjut is it boarst kastanjeread en ek op 'e sydkanten fan 'e kop sit in read plak. De twa kastanjereade kleurfjilden wurde mei in wite kleurbân fan 'e swarte kleur en fan inoar skieden. By de koarte, swarte snaffel sit tusken it swart noch in wyt plak. Oer de flanken rint in brede wite streek. De rêch en de búk binne swart, wylst de anaalstreek en de ûnsturtdekfearren wyt binne. Se ha in swarte sturt, swarte poaten en brune eagen.

Mantsjes en wyfkes binne itselde, se binne ek like grut. Juvenilen binne minder kontrastryk as de folwoeksen fûgels.

Fersprieding

It grutste part fan 'e soarte briedt op 'e tûndra fan 'e Russyske skiereilannen Taimir, Gydan en Jamal. Eartiids (foar de jierren 1950) migrearre in grut part fan 'e populaasje nei de westkust fan 'e Kaspyske See om dêr te oerwinterjen. Dy wintergebieten leine fral yn Azerbeidzjan, Irak en Iran. Yn in koart skoftsje tiid ferskoden de oerwinteringsgebieten doe nei de marren en it deltagebiet oan 'e westlike kust fan 'e Swarte See (Oekraïne, Roemeenje, Moldaavje en Bulgarije). Lytse oantallen oerwinterje ek yn Azerbeidzjan. By kâld waar sykje ek guon fûgels it noch wat fierder oan 'e Egeyske kust fan Grikelân en Turkije.

Nederlân leit fier fan it oerwinteringsgebiet, mar der trekke alle winters wol in lyts oantal readboarstguozzen mei oare guozzen nei ús lân.

Nêst en iten

Briedend wyfke yn it Natoerreservaat Taimyr op it skiereilân Taimyr.

Readboarstguozzen briede op de mei strewelleguod begroeide tûndra's by steile rivieriggen en lege heuvels, by rotsen en rotseftige eilannen. Hy hat in foarkar foar drûch en hegerlizzend gebiet. In lechsel bestiet út trije oant acht krêmkleurige aaien, dy't troch it wyfke útbret wurde. In moanne nei it útkommen fleane de jonge fûgels út.

De fûgel yt gers, fral seekraal, en sied fan nôt en mais.

Status

De wintergebieten wurde troch de toeristyske ûntwikkeling bedrige. Troch de lege winst op 'e bou fan weet binne boeren op 'e bou fan oar gewaaks oergien, wertroch't der minder fretten oerbliuwt foar de fûgels. Yn Bulgarije binne in pear belangrike foerazjeargebieten ferlern gien. De jachtdruk yn Roemeenje en Bulgarije is heech en dêr wurde ek yllegaal readboarstguozzen sketten.

In rûzing fan it oantal fûgels is dreech te meitsjen en tusken de jierren binne grutte ferskillen yn 'e rûzing fan 'e populaasje. Der is ek suggerearre dat de skommelingen fan 'e oantallen fûgels sterk te meitsjen ha kinne mei de lemmingpopulaasje yn it hege noarden. By in oerfloed fan lemmings soene de readboarstguozzen minder lêst fan predaasje ha.

De IUCN klassifisearre de readboarstgoes yn 2007, 2008 en 2010 as bedrige, mar tsjintwurdich (2025) stiet de soarte as kwetsber/gefoelich op 'e Reade list.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: