Sacharovpriis
De Sacharovpriis foar de frijheid fan tinken is in ûnderskieding dy't sûnt 1988 alle jierren útrikt wurdt troch it Europeesk Parlemint foar in bysûndere prestaasje op ien fan de neifolgjende mêden:
- it hoedzjen fan de rjochten en fundamintele frijheden fan de minske, benammen fan de frijheid fan mieningsutering,
- it hoedzjen fan de rjochten fan minderheden,
- earbiedigjen fan it folkerjocht,
- ûntjouwing fan de demokrasy en hanthavenjen fan de rjochtssteat.[1]
De priis is neamd nei de Russyske atoomlearde en dissidint Andrej Sacharov, dy't yn de Sovjet-Uny pleite foar frijheid fan mieningsuting.
Om 10 desimber hinne wurdt de priis fan EUR 50.000 troch it Europeesk Parlemint útrikt op in plechtige sitting yn Straatsburg. Op dy datum waard yn 1948 de Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske ûndertekene.
List fan winners fan de Sacharovpriis
Jier | ûntfanger | lân | regio |
---|---|---|---|
1988 | Nelson Mandela | Súd-Afrika | Afrika |
Anatoli Martsjenko (postúm) | Sovjet-Uny | Azië | |
1989 | Alexander Dubček | Tsjecho-Slowakije | Jeropa |
1990 | Aung San Suu Kyi | Myanmar | Azië |
1991 | Adem Demaçi | Kosovo | Jeropa |
1992 | Healwize Memmen | Argentynje | Súd-Amearika |
1993 | Oslobođenje | Bosnje en Herzegovina | Jeropa |
1994 | Taslima Nasreen | Banglades | Azië |
1995 | Leyla Zana | Turkije | Midden-Easten |
1996 | Wei Jingsheng | Sina | Azië |
1997 | Salima Ghezali | Algerije | Arabyske wrâld |
1998 | Ibrahim Rugova | Kosovo | Jeropa |
1999 | Xanana Gusmão | East-Timor | Azië |
2000 | ¡Basta Ya! | Spanje | Jeropa |
2001 | Izzat al-Ghazzawi | Palestina | Midden-Easten |
Nurit Peled-Elhanan | Israel | Midden-Easten | |
Zacarias Kamwenho | Angoala | Afrika | |
2002 | Oswaldo Payá | Kuba | Súd-Amearika |
2003 | Feriene Naasjes en Kofi Annan | ynternasjonaal | ynternasjonaal |
2004 | Wyt-Russyske Sjoernalisteferiening | Wyt-Ruslân | Jeropa |
2005 | Dames yn it Wyt | Kuba | Súd-Amearika |
Hauwa Ibrahim | Nigearia | Afrika | |
Verslaggevers Zonder Grenzen | ynternasjonaal | ynternasjonaal | |
2006 | Aljaksandr Milinkevitsj | Wyt-Ruslân | Jeropa |
2007 | Salih Mahmoud Osman | Sûdan | Afrika |
2008 | Hu Jia | Sina | Azië |
2009 | Memorial | ynternasjonaal | ynternasjonaal |
2010 | Guillermo Fariñas | Kuba | Súd-Amearika |
2011 | Asmaa Mahfouz | Egypte | Arabyske wrâld |
Ahmed al-Senussi | Libië | Arabyske Wrâld | |
Razan Zaitouneh | Syrië | Arabyske wrâld | |
Ali Farzat | Syrië | Arabyske wrâld | |
Mohammed Bouazizi (postúm) | Tunesië | Arabyske wrâld | |
2012 | Jafar Panahi | Iran | Midden-Easten |
Nasrin Sotoudeh | Iran | Midden-Easten | |
2013 | Malala Yousafzai | Pakistan | Azië |
2014 | Denis Mukwege | Kongo | Afrika |
2015[2] | Raif Badawi | Saûdy-Araabje | Arabyske wâld |
2016 | Nadia Moerad en Lamija Adji Basjar[3] | Irak | Arabyske wrâld |
2017 | Demokratyske opposysje yn Fenezuëla | Fenezuëla | Súd-Amearika |
2018 | Oleg Sentsov | Oekraïne | Jeropa |
Keppeling om utens
- (ned) Europeesk Parlemint, Sacharovpriis
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|