Sao Tomee en Prinsipe
| |||||
Offisjele taal | Portugeesk | ||||
Haadstêd | São Tomé | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
1.001 km² -% | ||||
Ynwenners (2012) | 178.739 | ||||
Munt | Dobra (STD) | ||||
Tiidsône | UTC +0 | ||||
Nasjonale feestdei | 12 july | ||||
Lânkoade | STP | ||||
Ynternet | .st | ||||
Tillefoan | 239 |
Sao Tomee en Prinsipe is in eilânnaasje yn de Golf fan Guinee, westlik fan de ekwatoriale kust fan Afrika. It bestiet út twa eilannen: Sao Tomee en Prinsipe lizze likernôch 140 km út-inoar, en likernôch 250 km út de kust fan Gabon. Beide eilannen binne part fan in âlde fulkaangroep. Sao Tomee, it súdlike eilân, is by de ekwator situearre. It hat de namme krigen fan in Portegeeske wrâldreiziger, dy't it eilân ûntdutsen hat.
Sao Tomee en Prinsipe is it twadde lytste Afrikaanske lân (krekt grutter as de Seysjellen). It is it lytste eilân fan de wrâld, dat net ûnder it regear fan de Feriene Steaten fan Amearika, Grut-Brittanje, of in oar Jeropeesk lân stiet. It is ek it lytste Portegeesk-talige eilân fan de wrâld.
Bestjoerlike yndieling
São Tomee en Prinsipe is ferparte yn twa provinsjes, São Tomee en Prinsipe, en sân distrikten, ien op Prinsipe en seis op São Tomee (haadplakken tusken heakjes):
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory São Tomé and Príncipe fan Wikimedia Commons. |