Seismology
De seismology is in stúdzje fan de ierdwittenskippen dy't dwaande is mei it bestudearjen, beskriuwen en mjitten fan ierdskoddingen, mei as doel foarsizzingen dwaan te kinnen wannear't en wêr't dy foarfalle sille. Hoewol't de seismology in goed ynsjocht opsmiten hat oer de prosessen dy't it ûntstien fan ierdskoddingen ta gefolch hawwe is it presiis dwaan fan in foarsizzing hieltyd noch net mooglik.
Lykwols hat de wittenskip grutte stappen makke yn it lokaliseare fan de gebieten op ierde dêr't ierdskoddingen te ferwachten binne. In wichtich ynstrumint fan de seismology is de seismometer, dêrmei kinne skoddingen fan de ierde sjoen wurde.
Dit artikel is in stobbe oer geology.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |