Seven Seas of Rhye
Seven Seas of Rhye | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | See What a Fool I've Been | |
artyst | Queen | |
album | Queen II | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Hardrock | |
útbrocht | 25 febrewaris 1974 | |
opnommen | Trident studio | |
doer | 2:47 Queen II, 1:15 Queen (ynstrumentaal) | |
label | EMI | |
skriuwer | Freddie Mercury | |
produsint | Roy Thomas Baker, Queen |
Seven Seas of Rhye is oarspronklik as ynstrumentaal nûmer opnaam is troch Queen yn 1972 yn de Trident studio en útbrocht op Queen, it debútalbum fan Queen út 1973. Nei de tiid hat Freddy Mercury der in tekst by skrean en waard it útbrocht op it twadde studio-album. Seven Seas of Rhye wie it tsiende nûmer op it debútalbum en it alfde nûmer op Queen II en waard op 25 febrewaris 1974 útbrocht as earste single fan it album Queen II.
Oer it nûmer
It nûmer ferwiist nei in fantasykeninkryk neamd Rhye. Seven Seas of Rhye is foarsjoen fan in pianoyntroduksje.
Muzikanten
- Freddie Mercury – Sang
- Brian May – Gitaar
- John Deacon – Bas
- Roger Taylor – Drums
Gastmuzikant
- Roy Thomas Baker – stylofoan