In stêdekloft, metropoal (Gryksk μήτηρ mētēr = mem, πόλις pólis = stêd) of agglomeraasje (Frânskagglomeration) is in grutstedsk gebiet dat bestiet út in tige grutte stêd mei de omlizzende urbanisearre krite, wêrûnder foarstêden en it perifere ommelân dêromhinne dat net perfoarst stedsk is, mar wêrfan de ynwenners oan de stêd ferbûn binne troch wurk. Dat ommelân wurdt ek wol forinzegebiet neamd. Hjirtroch kin it oantal ynwenners fan in stêdekloft in stik grutter wêze as dat fan de stêd sels.