Swarte see-ein

Swarte see-ein

Jerk

Wyfke.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai see-einen (Melanitta)
soarte
Melanitta nigra
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

De swarte see-ein (Melanitta nigra) is in grutte see-ein fan 43 oant 54 sm lang. De fûgel briedt yn it fiere noarden fan Europa en it Palearktyske easten oant de rivier de Olenjok. De Amerikaanske see-ein (Melanitta nigra) út Noard-Amearika en East-Sibearje waard eartiids as in ûndersoarte beskôge.

Beskriuwing

Jerkje.

De jerken binne hielendal swart en de wyfkes binne donkerbrún mei in donkerder krún en ljocht kleure wangen. Jonge fûgels lykje op it wyfke, mar ha doffere kleuren. Swarte see-einen ha in puntige sturt.

De soarte liket op 'e nau besibbe grutte see-ein, mar dy is grutter en swierder. Dêrnjonken ha wyfkes fan 'e grutte see-ein wite plakken op 'e wangen, dy't ûntbrekke by de wyfkes fan 'e swarte see-ein.

Fersprieding

Swarte see-einen briede yn Noard-Europa, Noard-Aazje en Grienlân op 'e tûndra by marren, rivieren en yn sompen, fral yn Ruslân en Skandinaavje. Utsein yn in diel fan Skotlân en Ierlân is de swarte see-ein in trekfûgel. Bûten de briedtiid libje se oan 'e kust op see. De soarte is in wintergast yn West-Europa oant de kusten fan Afrika ta. Winterdeis komt de fûgel oan 'e Nederlânske kust, fral noardlik fan 'e Waadeilannen, yn grutte oantallen foar.

Iten en brieden

Swarte see-einen ite weak- en skelpdieren. De fûgels briede fan maaie oan juny yn koloanjes en lizze fiif oant sân aaien.

Status

De grutte fan 'e populaasje waard yn 2006 op goed ien miljoen folwoeksen fûgels rûsd. Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de soarte as net bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Black scoter