Tinamû-eftigen

tinamû-eftigen
In grutte tinamû (Tinamus major).
In grutte tinamû (Tinamus major).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: âldkakigen (Palaeognathae)
sûnder rang: echte âldkakigen
   (Notopalaeognathae)
skift: tinamû-eftigen (Tinamiformes)
Huxley, 1789

De tinamû-eftigen (wittenskiplike namme: Tinamiformes) foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e âldkakigen (Palaeognathae) en de rangleaze groep fan 'e echte âldkakigen (Notopalaeognathae). Dit út Súd-Amearika ôfkomstige skift omfiemet ien inkele famylje, dy fan 'e tinamûfûgels of tinamû's (Tinamidae), dy't opdield wurdt yn twa ûnderfamyljes, de echte tinamûfûgels (Tinaminae) en de notoerafûgels (Nothurinae). Yn totaal binne der 47 libbene soarten tinamû-eftigen, dy't allegear foarkomme yn Súd- en Midden-Amearika.

Untwikkeling en taksonomy

De tinamû-eftigen binne ien fan 'e âldste libbene groepen fûgels, dy't ûntstie yn 'e geologyske perioade fan it Mioseen, sa'n tsien miljoen jier lyn. De tinamû-eftigen binne nau besibbe oan nandoe-eftigen (Rheiformes), dy't ek út Súd-Amearika komme, oan 'e útstoarne moä-eftigen (Dinornithiformes) fan Nij-Seelân en oan 'e nije rinfûgels (Novaeratitae), in groep dy't noch trije oare fûgelskiften omfettet. Oars as al dizze oare groepen binne de tinamû's lykwols gjin flechtleaze fûgels. Foarhinne waarden de tinamû-eftigen beskôge as in sustertakson fan 'e rinfûgels, mar genetysk ûndersyk hat harren middenmank de rinfûgels pleatst, wat betsjut dat de ierste rinfûgels noch it fermogen om te fleanen hân hawwe moatte.

Hâlden en dragen

Hoewol't tinamû-eftigen wol deeglik fleane kinne, dogge se dat inkeld as it echt moat. It binne grûnbewenners, dy't har leaver ferskûlje of fuortdrave as der gefaar driget. Dizze fûgels binne oer it algemien skou, mar spylje dochs faak in grutte rol yn 'e mytology fan 'e ûnderskate lânseigen folken yn har ferspriedingsgebiet. Sân soarten binne klassifisearre as kwetsber en nochris sân oare soarten as bedrige. Nettsjinsteande it feit dat tinamû-eftigen maklik yn finzenskip holden wurde kinne, binne se nea domestisearre.

Skiftopbou

  • skift tinamû-eftigen (Tinamiformes)
    • famylje tinamûfûgels of tinamû's (Tinamidae)
      • ûnderfamylje echte tinamûfûgels (Tinaminae)
        • skaai echte tinamû's (Tinamus)
          • grize tinamû (Tinamus tao)
          • grutte tinamû (Tinamus major)
          • klúznerstinamû (Tinamus solitarius)
          • swarte tinamû (Tinamus osgoodi)
          • wytkieltinamû (Tinamus guttatus)
        • skaai kapetinamû's (Nothocercus)
          • heechlântinamû of berchlântinamû (Nothocercus bonapartei)
          • readkoptinamû (Nothocercus julius)
          • swartkapetinamû (Nothocercus nigrocapillus)
        • skaai wâldtinamû's (Crypturellus)
          • bartlett-tinamû of Bartletts tinamû (Crypturellus bartletti)
          • berlepschtinamû of Berlepsch' tinamû (Crypturellus berlepschi)
          • Brazyljaanske tinamû (Crypturellus strigulosus)
          • brune tinamû (Crypturellus obsoletus)
          • bûnte tinamû (Crypturellus variegatus)
          • Choco-tinamû (Crypturellus kerriae)
          • gielpoattinamû (Crypturellus noctivagus)
          • griisboarsttinamû (Crypturellus boucardi)
          • griispoattinamû (Crypturellus duidae)
          • koartsnaffeltinamû (Crypturellus parvirostris)
          • lytse tinamû (Crypturellus soui)
          • moarmertinamû (Crypturellus undulatus)
          • readpoattinamû (Crypturellus erythropus)
          • rodzige tinamû (Crypturellus brevirostris)
          • skiere tinamû (Crypturellus cinereus)
          • streekte tinamû (Crypturellus casiquiare)
          • streweltinamû (Crypturellus cinnamomeus)
          • swartkoptinamû (Crypturellus atrocapillus)
          • Tataupa-tinamû (Crypturellus tataupa)
          • Tepui-tinamû (Crypturellus ptaritepui)
          • wynbrautinamû (Crypturellus transfasciatus)
      • ûnderfamylje notoerafûgels (Nothurinae)
        • skaai berchtinamû's (Nothoprocta)
          • Andestinamû (Nothoprocta pentlandii)
          • Cordoba-tinamû (Nothoprocta cinerascens)
          • krombektinamû (Nothoprocta curvirostrus)
          • Pisacca-tinamû (Nothoprocta ornata)
          • Sileenske tinamû (Nothoprocta perdicaria)
          • taczanowskitinamû of Taczanowski's tinamû (Nothoprocta taczanowskii)
        • skaai dwerchtinamû's (Taoniscus)
          • dwerchtinamû (Taoniscus nanus)
        • skaai notoera's (Nothura)
          • bûnte notoera (Nothura maculosa)
          • darwinnotoera of Darwins notoera (Nothura darwinii)
          • lytse notoera (Nothura minor)
          • Tsjakonotoera (Nothura chacoensis)
          • wytbúknotoera (Nothura boraquira)
        • skaai pampahinnen (Rhynchotus)
          • Huayco-tinamû (Rhynchotus maculicollus)
          • pampahin (Rhynchotus rufescens)
        • skaai savanne- en rotstinamû's (Tinamotis)
          • Patagoanyske tinamû (Tinamotis ingoufi)
          • Puna-tinamû (Tinamotis pentlandii)
        • skaai toeftinamû's (Eudromia)
          • Quebracho-tinamû (Eudromia formosa)
          • toeftinamû (Eudromia elegans)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.