Ulm
| |||
Lân | Dútslân | ||
Dielsteat: | Baden-Wuertemberch | ||
Krite: | Stadtkreis | ||
Ynwennertal | 121.648 (2008) | ||
Oerflak: | 118,69 km² | ||
Boargemaster: | Gunter Czisch | ||
Koördinaten: | 48° 24' NB, 9° 59' EL | ||
Webside: | www.ulm.de |
Ulm is in stêd oan de Donau en leit yn de Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch. Der wenje 121.648 minsken (2008). De toer fan de Munster fan Ulm is mei 161,53 meter de heechste tsjerketoer op 'e wrâld. Ulm is de stêd dêr't Albert Einstein yn 1879 berne wie.
Nei 1850 koe Ulm troch de oanlis fan de Schwäbische Eisenbahn (Stuttgart-Friedrichshafen) him fannijs ûntjaan. Yn de Twadde Wrâldkriich waard de stêd slim skansearre, mar de munstertsjerke bleau sparre.
Ulm is sûnt 1967 in universiteitsstêd.
Keunst en kultuer
Museums
- Kunsthalle Weishaupt
- Ulmer Museum
Bylderûte
- Keunstpaad Universiteit Ulm, in bylderûte op de kampus fan de Universiteit fan Ulm.
Regierungsbezirke Freiburg - Karlsruhe - Stuttgart - Tübingen Landkreise Kreisfreie Städte |