United States Army Corps of Engineers

United States Army Corps of Engineers
flagge embleem
Essayons
Frânsk, "Lit ús besykje"
algemiene gegevens
lân Feriene Steaten
soarte sjeny
doel ûntwerp, tarieding en
útfiering sivile en militêre projekten
bysûnderheden
namme folút United States Army Corps of Engineers
("Ynzjenieurekorps fan it Amerikaansk Leger")
ôfkoarting USACE
lokaasje haadkertier Washington, D.C.
oprjochte 1775
sterkte 34.600 boargers (2016)
650 militêren (2016)
falt ûnder Am. Ministearje f. Definsje
   ● Dep. fan it Leger
      ● Amerikaanske Leger
offisjele kleuren skarlekkenread en wyt
         
webside www.usace.army.mil

Logo
Haadkantoar fan de USACE yn Nordfolk, Firginia
Kennedy Space Center

It United States Army Corps of Engineers (USACE), is it sjenykorps fan it Amerikaanske Leger. By dizze federale organisaasje wurkje sa'n 34.600 boargers en 650 militêren. Hjirmei kin de USACE it grutste ynzjeneursburo fan de wrâld beskôge wurde. It motto is: essayons (Frânsk: lit ús besykje). It korps is oprjochte op 15 juny 1775 yn Washington, D.C.

De doel fan it korps bestiet út en jou militêre en sivyl-technyske tsjinsten oan de Amerikaanske oerheid en sa ek de Amerikaanske belangen yn binnen- en bûtenlân. It korps hâldt him dwaande mei de bou fan damen, kanalen (bygelyks it Panamakanaal), kustbeskerming, mar ek mei it ûntwerp en projektbehear fan militêre ynstallaasjes (bygelyks it Pentagon), mar dernjonken ek in soad gebouwen bygelyks yn Irak.

Wichtichste projekten

In stikmannich projekten fan de USACE:

  • Ferbettering en behear fan de rivierren Ohio en Mississippi
  • It Washington Monumint, 1884
  • It Panamakanaal, ree yn 1914
  • Bonnevilledaam, ree yn 1937
  • De Flood Control Act of 1936 bepaalde dat wetterbehear en beskermings tsjin it ûnderstrûpen fan lân ûnder federaal bestjoer kaam en bepaalde fierder dat it USACE in haadtaak krige.
  • Yn 1941 krige de USACE de ferantwurdlikens foar it oankeapjen, oanlizzen, bouwen en behear fan alle militêre ynstallaasjes fan it Amerikaanske leger
  • Tarieding en bou fan it Pentagon, ree yn 1943, likernôch 15 moanne nei it úteinsetten fan de bou.
  • It Manhattan Projekt
  • De USACE joech in wichtige bydrage oan NASA foar it bouwen fan it Manned Spacecraft Center en John F. Kennedy Space Center, 1961
  • Cross Florida Barge Canal
  • Tennessee-Tombigbee Waterway

Keppeling om utens