Willi Stadel
Willi Stadel | ||
sporter | ||
Willi Stadel (1936) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Wilhelm Friedrich Stadel | |
nasjonaliteit | Dútsk | |
bertedatum | 9 july 1912 | |
berteplak | Konstanz | |
stjerdatum | 23 maart 1999 | |
stjerplak | Ravensburg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Turnen | |
O.S. | Berlyn 1936 | |
debút | 1934 | |
karriêre-ein | 1954 | |
wichtige prestaasjes | ||
goud 1x Olympyske Spullen 1936 |
Wilhelm Friedrich (Willi) Stadel (Konstanz, 9 july 1912 - Ravensburg, 23 maart 1999) wie in Dútsk turner.
Libbensrin
Willi Stadel groeide op yn Stadelhofen en gie nei syn skoaljierren yn de lear as dekoraasjeskilder yn it bedriuw fan syn âlden. Nei't er syn baan as dekoraasjeskilder ein 1936 opjoech, folge Stadel yn 1937/38 in oplieding ta sportlearaar oan de Reichsakademie für Leibesübungen yn Berlyn.
Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen.Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen mei it Dútske tiim op de mearkamp foar lannen. Stadel waard ek 8x Dútsk kampioen. Willi Stadel moast syn karriêre as turner yn 1954 beëinigje troch blessueres.
Yn 1940 troude Stadel, it pear krige twa bern. Yn de Twadde Wrâldkriich begûn Stadel syn militêre tsjinst by de Luftwaffe. Hy wurke dêr as sportynstrukteur foar piloaten fan it rezjimint yn Velten, in knibbelblessuere ferhindere him lokkigernôch om oan it front te tsjinjen. Hy waard yn jannewaris 1945 fanwegen sykte út it leger ûntslein. Willi Stadel wurke dernei oant 1975 as sportlearaar oan Gymnasiums yn Konstanz, Überlingen en Radolfzell. Willi Stadel ferstoar op 23 maart 1999, yn 'e âldens fan 86 jier.
Resultaten
Olympyske Simmerspullen
Jier | Plak | Resultaten |
---|---|---|
1936 | Dútslân Berlyn |
Mearkamp lannen, 8ste Mearkamp yndividueel, 6e Flier, 14e Sprong 18e Brêge, 14e Rekstôk, 9e Foltiizjehynder |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|