Willy den Ouden
Willy den Ouden | ||
![]() | ||
![]() | ||
Willy den Ouden (1932) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Willemijntje den Ouden | |
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 1 jannewaris 1918 | |
berteplak | Rotterdam | |
stjerdatum | 6 desimber 1997 | |
stjerplak | Rotterdam | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Swimmen | |
ûnderdiel | Frije slach | |
O.S. | Los Angeles 1932, Berlyn 1936 | |
wichtige prestaasjes | ||
![]() ![]() ![]() ![]() |
Willemijntje (Willy) den Ouden (Rotterdam, 1 jannewaris 1918 - Dêre, 6 desimber 1997) wie in Nederlânsk swimster.
Sy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1932 en 1936). Sy waard by dizze kampioenskippen ien kear Olympyske kampioene op de 4x100 meter frije slach estafette mei Jopie Selbach, Tini Wagner en Rie Mastenbroek. Yn 1932 hie se ek al it sulver wûn op itselde ûnderdiel mei Rie Vierdag, Puck Oversloot en Corrie Laddé it sulver wûn. Sulver wûn se ek yndividueel op de 100 meter frije slach.
Yn 1934 by de Europeeske kampioenskippen yn Magdeburg wie den Ouden Europeesk kampioene wurden op de 4x100 meter estafette mei Ans Timmermans, Rie Mastenbroek en Jopie Selbach. yn 1938 wûn se yn Londen mei Alie Stijl, Trude Malcorps en Rie van Veen it sulver. Nei dizze sulveren medalje yn Londen beëinige se har karriêre as swimster.
Begjin maaie 1940 wie den Ouden yn Brussel foar de opnamen fan in (nea foltôge) film dêr’t se de haadrol yn spile, fan filmprodusint Jo Paerl. Yn dat pinksterwykein foel nazy-Dútslân Nederlân binnen. Tegearre mei de famylje Pearl besocht se fia Parys en Bordeaux nei Ingelân te ûntkommen. Ut Bordeaux giene seis skippen fuort. Hja kamen oan board fan de "Nigerstroom" dy't gewoanwei op Afrika fear. It soe it iennichste skip fan de seis blike dat de oerstek foltôge; de oare fiif waarden allegearre yn de Golf fan Biskaje torpedearre. It âlderlik hûs fan Den Ouden gie yn dy maaiedagen yn flammen op by it bombardemint op Rotterdam. Dêrby binne hast alle prizen fan den Ouden ferlern gien.
Willy kaam yn Ingelân by it Frijwillich Froulju's Helpkorps (VHK) fan 1943 oant en mei 1950 de frouljusôfdieling binnen de Keninklike Lânmacht fan de Nederlânske kriichsmacht. It VHK wie de foarrinner fan de MILVA. Den Ouden stuts yn 1944 nei de lâning yn Normandje mei inkelde frijwillichsters oer nei Oostende.
Nei de kriich wenne se in jierrenlang yn Sweden. Werom yn Nederlân wurke hja yn'e bûnthannel.
Willy den Ouden ferstoar op 6 desimber 1997, yn 'e âldens fan 79 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|