Wrotmûseftigen

Wrotmûseftigen
De gerslânwrotmûs, út Noard-Amearika.
De gerslânwrotmûs, út Noard-Amearika.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: mûzen en jerboä's (Myomorpha)
boppefamylje: mûzen en rotten (Muroidea)
famylje: wrotmûseftigen (Cricetidae)
Fischer von Waldheim, 1817
De woastyndwerchhamster (Phodopus roborovskii), út eastlik Sintraal-Aazje.

De wrotmûseftigen (wittenskiplike namme: Cricetidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia) en it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), dêr't û.m. de fjildmûs, de hamster, de wetterrôt en de muskusrôt ta hearre. Mei hast 600 ûnderskate soarten is it nei de mûseftigen (Muridae) de op ien nei grutste sûchdierefamylje. Wrotmûseftigen binne lânseigen yn Jeraazje en de Amearika's.

Wrotmûseftigen binne oer it generaal lytseftige bisten, al rinne se útinoar fan 'e Amerikaanske dwerchmûs (Baiomys taylori), dy't mar 7 g weaget, oant de muskusrôt (Ondatra zibethicus), mei in gewicht dat oprinne kin oant 1,8 kg. De lingte fan 'e sturten yn ferhâlding ta de grutte fan it liif rint wiid útinoar. De sturt kin by wrotmûseftigen sawol tichtbehierre as hast keal wêze. De pels is by de measte soarten brunich fan kleur, faak mei in ljochte ûnderbúkbehierring.

Wat biotopen oanbelanget, komme wrotmûseftigen foar fan gebieten mei in poalklimaat oant tropysk reinwâld en tesinzgjende woastinen. Guon soarten libje yn 'e beammen en hawwe sturten dy't spesjaal oanpast binne om op smelle tûken te balansearjen of om tûken mei fêst te gripen. Oare soarten binne semy-akwatysk en hawwe poaten mei swimfluezzen tusken de teannen. Wer oaren libje op 'e grûn en binne duchtige gravers. Wrotmûseftigen binne herbivoaren, omnivoaren of ynsektivoaren. Se hawwe allegear grutte kjiftosken om mei te gnaujen en kinne har ûnder geunstige libbensomstannichheden fluch fuortplantsje.

Famylje-opbou

  • famylje wrotmûseftigen (Cricetidae)
    • ûnderfamylje Democricetodontinae
    • ûnderfamylje hamsters (Cricetinae)
      • skaai Allocricetus
      • skaai Amblycricetus
      • skaai Chuanocricetulus
      • skaai Collimys
      • skaai dwerchhamsters (Phodopus): 3 soarten
      • skaai Gansuhamsters (Cansumys): 1 soarte
      • skaai goudhamsters (Mesocricetus): 4 soarten
      • skaai Hattomys
      • skaai Hypsocricetus
      • skaai Ischymomys
      • skaai Jeropeeske hamsters (Cricetus): 1 soarte
      • skaai Karstocricetus
      • skaai Kowalskia
      • skaai Microtocricetus
      • skaai langsturthamsters (Tscherskia): 1 soarte
      • skaai Nannocricetus
      • skaai Pannonicola
      • skaai Paracricetulus
      • skaai Rhinocricetus
      • skaai Rotundomys
      • skaai Sinocricetus
      • skaai Sintraalaziatyske hamsters (Allocricetulus): 2 soarten
      • skaai ûnechte dwerchhamsters (Cricetulus): 7 soarten
    • ûnderfamylje wrotmûzen (Arvicolinae)
      • incertae sedis (yndieling ûnwis)
        • skaai beamwrotmûzen (Arborimus): 3 soarten
        • skaai heidewrotmûzen (Phenacomys): 2 soarten
      • tûke Balkansniemûzen (Pliomyini)
        • skaai Balkansniemûzen (Dinaromys): 1 soarte
        • skaai Dolomys
      • tûke fjildmûzen (Arvicolini)
        • skaai alsemfjildmûzen (Lemmiscus): 1 soarte
        • skaai Atopomys
        • skaai Aziatyske fjildmûzen (Lasiopodomys): 3 soarten
        • skaai berchfjildmûzen (Neodon): 5 soarten
        • skaai blythfjildmûzen of Blyths fjildmûzen (Phaiomys): 1 soarte
        • skaai Cromeromys
        • skaai fjildmûzen (Microtus): ±60 soarten
        • skaai Hibbardomys
        • skaai Huananomys
        • skaai Jeraziatyske gerslânwrotmûzen (Alexandromys): 14 soarten
        • skaai Jordanomys
        • skaai Kilarcola
        • skaai Middensineeske fjildmûzen (Proedromys): 2 soarten
        • skaai Mimomys
        • skaai Nebraskomys
        • skaai Nemausia
        • skaai Promimomys
        • skaai Prosomys
        • skaai sniemûzen (Chionomys): 3 soarten
        • skaai Súdsineeske fjildmûzen (Volemys): 2 soarten
        • skaai Villanyia
        • skaai wetterrotten (Arvicola): 3 soarten
      • tûke Floaridawetterrotten (Neofibrini)
      • tûke halsbânlemmings (Dicrostonychini)
        • skaai hâlsbânlemmings (Dicrostonyx): 11 soarten
        • skaai Predicrotonyx
      • tûke ierdlemmings (Ellobiusini)
        • skaai ierdlemmings (Ellobius): 5 soarten
        • skaai Ungaromys
      • tûke lemmings (Lemmini)
        • skaai bosklemmings (Myopus): 1 soarte
        • skaai echte lemmings (Lemmus): 5 soarten
        • skaai lemmingmûzen (Synaptomys): 2 soarten
        • skaai Plioctomys
      • tûke muskusrotten (Ondatrini)
      • tûke prometeuswrotmûzen (Prometheomyini)
        • skaai prometeuswrotmûzen of Prometeus' wrotmûzen (Prometheomys): 1 soarte
        • skaai Stauchomys
      • tûke reade wrotmûzen (Clethrionomyini, foarh. Myodini)
        • skaai berchwrotmûzen (Alticola): 12 soarten
        • skaai Guildayomys
        • skaai Himalayawrotmûzen (Hyperacrius): 2 soarten
        • skaai paterdavidswrotmûzen of pater Davids wrotmûzen (Eothenomys): 8 soarten
        • skaai Pliolemmus
        • skaai Pliomys
        • skaai Pliophenacomys
        • skaai reade wrotmûzen (Clethrionomys, foarh. Myodes): 5 soarten
        • skaai readgrize wrotmûzen (Craseomys), 7 soarten
        • skaai Sineeske wrotmûzen (Caryomys): 2 soarten
      • tûke steppelemmings (Lagurini)
        • skaai steppelemmings of echte steppelemmings (Lagurus): 1 soarte
        • skaai ûnechte steppelemmings (Eolagurus): 2 soarten
    • ynformele groep mûzen en rotten fan de Nije Wrâld
      • ûnderfamylje echte mûzen en rotten fan de Nije Wrâld (Sigmodontinae)
        • incertae sedis (yndieling ûnwis)
          • skaai Galapagosreuzerotten (Megaoryzomys): 1 soarte †
          • skaai juliomûzen (Juliomys): 3 soarten
        • tûke akodonten (Akodontini)
          • skaai Andeaanske rotten (Lenoxus): 1 soarte
          • skaai bolomûzen (Necromys): 9 soarten
          • skaai Brazyljaanske pipermûsrotten (Blarinomys): 1 soarte
          • skaai brûsys (Brucepattersonius): 7 soarten
          • skaai graafmûzen (Oxymycterus): 17 soarten
          • skaai karmozynnoasrotten (Bibimys): 3 soarten
          • skaai kempgersmûzen of Kemps gersmûzen (Deltamys): 1 soarte
          • skaai reuzerotten (Kunsia): 2 soarten
          • skaai Roraimamûzen (Podoxymys): 1 soarte
          • skaai serradomûzen (Thalpomys): 2 soarten (de serrado is in soarte fan tropyske savanne yn Brazylje)
          • skaai somprotten fan de Nije Wrâld (Scapteromys): 2 soarten
          • skaai Súdamerikaanske gersmûzen (Akodon): 43 soarten
          • skaai Súdamerikaanske ierdmûzen (Juscelinomys): 3 soarten
          • skaai swarte gersmûzen (Thaptomys): 1 soarte
        • tûke blêdearmûzen (Phyllotini)
          • skaai Andeaanske blêdearmûzen (Phyllotis): 14 soarten
          • skaai Andeaanske mûzen (Andinomys): 1 soarte
          • skaai Andeaanske somprotten (Neotomys): 1 soarte
          • skaai fespermûzen (Calomys): 14 soarten
          • skaai garleppmûzen of Garlepps mûzen (Galenomys): 1 soarte
          • skaai grutearmûzen (Auliscomys): 3 soarten
          • skaai Ichthyurodon: 1 soarte †
          • skaai knynrotten (Reithrodon): 2 soarten
          • skaai leechlânblêdearmûzen (Graomys): 4 soarten
          • skaai oaljefantsearmûzen (Loxodontomys): 2 soarten
          • skaai Olympicomys: 1 soarte †
          • skaai Punamûzen (Punomys): 2 soarte
          • skaai sâltflaktemûzen (Salinomys): 1 soarte
          • skaai sidehierrige woastynmûzen (Eligmodontia): 6 soarten
          • skaai Sileenske rotten (Irenomys): 1 soarte
          • skaai Tafimys: 1 soarte †
          • skaai tapekûa's (Tapecomys): 1 soarte primordial tapecua
          • skaai Tsjakomûzen (Andalgalomys): 3 soarten
          • skaai tsjintsjillamûzen (Euneomys): 4 soarten
          • skaai tsjintsjillamûzen fan de Altiplano (Chinchillula): 1 soarte
        • tûke braaklân-, klim- en beammûzen (Thomasomyini)
          • skaai Atlantyske wâldmûzen (Delomys): 3 soarten
          • skaai beammûzen fan de Nije Wrâld (Rhagomys): 2 soarten
          • skaai berchmûzen (Aepeomys): 2 soarten
          • skaai braaklânmûzen (Thomasomys): 37 soarten
          • skaai klimmûzen fan de Nije Wrâld (Rhipidomys): 18 soarten
          • skaai Kolombiaanske wâldmûzen (Chilomys): 1 soarte
          • skaai Rio de Sjanêrobeamrotten (Phaenomys): 1 soarte
          • skaai ruschirotten of Ruschi's rotten (Abrawayaomys): 1 soarte
          • skaai wilfredmûzen of Wilfreds mûzen (Wilfredomys): 1 soarte
        • tûke fiskrotten (Ichthyomyini)
          • skaai Ekwadorfiskrotten (Anotomys): 1 soarte
          • skaai fiskrotten (Neusticomys): 6 soarten
          • skaai krabberotten (Ichthyomys): 4 soarten
          • skaai Middenamerikaanske wettermûzen (Rheomys): 4 soarten
          • skaai Súdamerikaanske wettermûzen (Chibchanomys): 2 soarten
        • tûke gersmûzen en langklaumûzen (Abrotrichini)
          • skaai edwardlangklaumûzen of Edwards langklaumûzen (Notiomys): 1 soarte
          • skaai gersmûzen (Abrothrix): 8 soarten
          • skaai langklau-ierdmûzen (Geoxus): 1 soarte
          • skaai langklaumûzen (Chelemys): 3 soarten
          • skaai pearsonlangklaumûzen of Pearsons langklaumûzen (Pearsonomys): 1 soarte
        • tûke katoenrotten (Sigmodontini)
          • skaai katoenrotten (Sigmodon): 14 soarten
        • tûke readnoasmûzen (Wiedomyini)
          • skaai Cholomys: 1 soarte †
          • skaai readnoasmûzen (Wiedomys): 2 soarten
        • tûke rysrotten (Oryzomyini)
          • skaai Atlantyske rysrotten (Drymoreomys): 1 soarte
          • skaai beamrysrotten (Oecomys): 16 soarten
          • skaai brasiliamûzen of Brasilia's mûzen (Microakodontomys): 1 soarte
          • skaai dizerysrotten (Nephelomys): 12 soarten
          • skaai dwerchrysrotten (Oligoryzomys): 18 soarten
          • skaai echte rysrotten of rysrotten (Oryzomys): 8 soarten
          • skaai Ekwador- en Galapagosrysrotten (Aegialomys): 2 soarten
          • skaai Galapagosmûzen (Nesoryzomys): 4 soarten
          • skaai grize rysrotten (Eremoryzomys): 1 soarte
          • skaai hammondrysrotten of Hammonds rysrotten (Mindomys): 1 soarte
          • skaai langsnorhierrige rysrotten (Transandinomys): 2 soarten
          • skaai lytse rysrotten (Microryzomys): 2 soarten
          • skaai lundamfibyrotten of Lunds amfibyrotten (Lundomys): 1 soarte
          • skaai Middenamerikaanske rysrotten (Handleyomys): 8 soarten
          • skaai moerasrotten (Holochilus): 3 soarten
          • skaai Perûviaanske rysrotten (Oreoryzomys): 1 soarte
          • skaai reidmûzen (Zygodontomys): 2 soarten
          • skaai reinwâldrysrotten (Hylaeamys): 7 soarten
          • skaai reuzerysrotten (Megalomys): 4 soarten †
          • skaai rottekoprysrotten (Sooretamys): 1 soarte
          • skaai rûchhierrige mûzen (Neacomys): 8 soarten
          • skaai serradorysrotten (Cerradomys): 6 soarten (de serrado is in soarte fan tropyske savanne yn Brazylje)
          • skaai stikelmûzen fan de Nije Wrâld (Scolomys): 2 soarten
          • skaai Súdamerikaanske wetterrotten (Nectomys): 5 soarten
          • skaai swarte rysrotten (Melanomys): 3 soarten
          • skaai Ucayaliwetterrotten (Amphinectomys): 1 soarte
          • skaai ûnechte rysrotten (Pseudoryzomys): 1 soarte
          • skaai vespuccikjifdieren of Vespucci's kjifdieren (Noronhomys): 1 soarte †
          • skaai wetterrysrotten (Sigmodontomys): 2 soarten
          • skaai wiid fersprate riisrotten (Euryoryzomys): 6 soarten
      • ûnderfamylje klimrotten fan de Nije Wrâld (Tylomyinae)
        • tûke echte klimrotten fan de Nije Wrâld (Tylomyini)
          • skaai grutearbeamrotten (Ototylomys): 1 soarte
          • skaai klimrotten (Tylomys): 7 soarten
        • tûke fesperrotten (Nyctomyini)
          • skaai Jûkatanfesperrotten (Otonyctomys): 1 soarte
          • skaai Middenamerikaanske fesperrotten (Nyctomys): 1 soarte
      • ûnderfamylje Noardamerikaanske mûzen en rotten (Neotominae)
        • tûke Amerikaanske dwerchmûzen (Baiomyini)
        • tûke goudmûzen (Ochrotomyini)
          • skaai goudmûzen (Ochrotomys): 1 soarte
        • tûke Amerikaanske hamsterrotten (Neotomini)
          • skaai allenhamsterrotten of Allens hamsterrotten (Hodomys): 1 soarte
          • skaai dwerchhamsterrotten (Nelsonia): 2 soarten
          • skaai Galushamys
          • skaai echte hamsterrotten (Neotoma): 22 soarten
          • skaai magdalenarotten (Xenomys): 1 soarte
          • skaai Repomys
        • tûke hartemûzen (Reithrodontomyini)
          • skaai Bensonomys
          • skaai Cimarronomys
          • skaai Floaridamûzen (Podomys): 1 soarte
          • skaai Jacobsomys
          • skaai lâningterotten (Isthmomys): 2 soarten
          • skaai Meksikaankse fulkaanmûzen (Neotomodon): 1 soarte
          • skaai Misjoäkaanske hartemûzen (Osgoodomys): 1 soarte
          • skaai nôtmûzen fan de Nije Wrâld (Reithrodontomys): 22 soarten
          • skaai reuzehartemûzen (Megadontomys): 3 soarten
          • skaai Symmetrodontomys
          • skaai sprinkhoanmûzen (Onychomys): 3 soarten
          • skaai ûnechte hartemûzen (Habromys): 7 soarten
          • skaai wytpoatmûzen of echte hartemûzen (Peromyscus): 55 soarten

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en References, op dizze side.