Yndustriële Revolúsje
De Yndustriële Revolúsje begûn oan de ein fan de 18e iuw yn Ingelân. Foar dy tiid waarden produkten inkeld mei de hân produsearre, wilens de Yndustriële Revolúsje feroare dat en der waard brûkme makke fan masines om ferskate saken te produsearjen.
Untjouwings
Ien fan de belangrykste útfinings dy´t tige fan belang wie foar it begjin fan de Yndustriële Revolúsje, wie de stoommasine. Nei de útfining fan de stoommasine, wie it mei de ferbetterings fan James Watt fan 1777 ôf mooglik om meganyske enerzjy beskikber te stellen, sadat der gjin ferlet fan hynders of oksen mear wie, en der gâns mear produsearre wurde koe. Foar de tekstylyndustry die de spinmasine Spinning Jenny fertuten, lytse bedriuwkes woeksen ta mânske fabriken. Mei dy mânske fabriken wie der hieltyd mear ferlet fan brânstof. De koaleyndustry groeide en omdat der nije techniken kamen om de koalen op in ienfâldigere wize út 'e grûn te krijen wie der ek in massaproduskje fan koalen.
Ynfrastruktuer
Healwei de 17e iuw waarden de haaddiken brûkt dy't fjirtjin iuwen earder troch de Romeinen oanlein wienen. It guod dat produsearre waard moast ferfierd wurde nei de winkels, klanten ensfh. Der wie dus grut ferlet fan in better ferfiernetwurk en yn 'e lette 18e iuw waarden nije diken oanlein. Net allinnich diken, mar ek kanalen waarden groeven om de stienkoal en izer te ferfieren. De stoommasine wie de grûnslach foar de stoomtrein, dy't in soad guod ferfiere koe.
Sosjale konsekwinsjes
Mei de yndustrialisaasje moasten der fabriken boud wurde foar de massaproduksje. De arbeiders teagen nei de kriten dêr't dy fabriken stiene. In proses fan snelle urbanisaasje kaam opgong fan foarhinne lytse doarpkes en stedsjes. Dy fabriken fersmoargen tige, en dat wie net sûn foar de minsken yn de neiste omkriten fan it fabryk. De steammasines bliezen tsjokke reekwolken de hiele stêd troch en ferverijen wettere harren ôffal fuort op de rivier út. Lykwols streamden minsken fan it plattelân faak fanneed massaal derhinne foar wurk. In nije sosjale klasse ûntstie: de arbeiders, oftewol it yndustriële proletariaat. De arbeiders moasten yn oerbefolke krottewiken wenje dêr't sy slim behûze wienen mei amper sanitêr. De libbensferwachting wie trochstrings leech, en de bernestjerte heech.
Foar de Yndustriële Revolúsje wie der ek al berne-arbeid, mar mei de groeiende befolking en ûnderrjocht waard it better sichtber. Oan 'e ein fan de 19e iuw waarden der rûnom yn West-Jeropa wetten yntsjinne tsjin de bernearbeid. Yn deselde iuw kaam it sosjalisme fan 'e grûn.
De minne arbeidsomstannichheden fan de arbeidersklasse ûnder de yndustrialisaasje wurdt ek wol de sosjale kwestje neamd. Yn de rin fan de iuw soenen de arbeiders in politike beweging foarme om harren omstannigens te ferberterjen. Neffens Karl Marx wie it yndustrieel proletariaat de drager fan de sosjalistyske beweging. [1] Yn Fryslân wie yn dy tiid amper yndustry, mar de sosjalistyske politisy Ferdinand Domela Nieuwenhuis en Pieter Jelles Troelstra hienen harren grutste oanhing yn de provinsje Fryslân.
Ferwizing nei boarne
- ↑ De miskende taaiheid fan it Frysk, Bertus Mulder, side 66 ISBN 978-90-330-0611-1