Yndustrieel erfgoed

Under yndustrieel erfgoed wurdt beflapt: de fuortbringsels fan de minske foar de deistige arbeid, bygelyks: fabryksgebouwen, brêgen, sluzen, mûnen, boartuorren en soks - en yn 't generaal alle materiële spoaren fan de yndustriële mienskip. Mobile dingen fan yndustrieel erfgoed lykas ferfiermiddels wurde ta mobyl erfguod rekkene.

Dizze kulturele uterings driigje hieltyd te ferdwinen at se harren oarspronklike funksje ferlern hawwe. It binne faak oerbliuwsels út in oare tiid dy't om harren unikens it behâlden wurdich binne meidat se goed sjen litte hoe't de dingen eartiids oanpakt waarden.

Der binne yn Nederlân, België en oare lannen ferskate stichtings dy't krewearje foar it behâld fan yndustrieel erfgoed. Yn Nederlân binne in protte organisaasjes feriene yn: de Stichting Federaasje Yndustrieel Erfgoed Nederlân (FIEN).

Kar-út fan yndustriële monuminten yn Nederlân

  • Gemaal De Cruquius, Cruquius
  • Het Piepke, Muntsjesyl
  • Van Nellefabryk, Rotterdam
  • Moalfabryk fan Leien
  • Papierfabryk de Middelste Molen, Loenen
  • Gebouwen fan DRU, Ulft
  • Gebouwen Radio Kootwijk
  • Dwingeloo Radio Teleskoop

Sjoch ek

Keppelings om utens


Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: