Aldous Huxley

Aldous Huxley yn 1947

Aldous Leonard Huxley (Godalming, Surrey, 26 july 1894 - Los Angeles, 22 novimber 1963) wie in Britsk-Amearikaanske skriuwer, essayist en dichter dy't wiid ferneamd waard mei de protte romans en koarte ferhalen dy't er skreaun.

Biografy

Huxley waard yn in yntellektuele húshâlding berne. Hy skreau syn earste boek doe't er santjin jier âld wie. Krekt dêrfoar wie er hast blyn wurden as gefolch fan in eachsykte. As tweintiger wie er al in warbere skriuwer. Huxley wie in kultuerkritikus. Yn 1937 emigrearre er nei de Feriene Steaten; hy fêstige him yn Hollywood, Kalifornje.

It wichtigste ûnderwerp yn syn wurk wie it "ûnminsklike" aspekt dat ferbûn is mei de wittenskiplike foarútgong. Ien fan syn masterwurken yn dat opsicht is Brave New World út 1932, dêr't Huxley in kompleet technokratyske maatskippij beskriuwt. It is in maatskippij dêr't libben en dea foarprogrammeare binne, dêr't de befolking troch middel fan drugs stilhâlden wurdt, en dêr't wikseljende seksuele kontakten ta noarm ferheft binne. It wie fansels wrang dat in part fan Huxley syn fantasy ûnder de Twadde Wrâldkriich útkaam.

Huxley hie ek grutte belangstelling foar de effekten fan geastferromjende middelen as LSD en meskaline en de godstsjinstige mystyk (foaral dy't fan it hindoeïsme en boedisme). Syn ûnderfinings hat er beskreaun yn The Doors of Perception (1954) en Heaven and Hell (1956).

Yn 1960 waard kielkanker by Huxley ûntdekt. Lang om let ferlear er syn spraakfermogen. Hy stoar op deselde dei as wêrop de Britske skriuwer en taalkundige C.S. Lewis ferstoar en de Amerikaanske presidint John F. Kennedy fermoarde waard.

Romans

  • Crome Yellow (1921)
  • Antic Hay (1923)
  • Those Barren Leaves (1925)
  • Point Counter Point (1928)
  • Brave New World (1932)
  • Eyeless in Gaza (1936)
  • After Many a Summer (1939)
  • Time Must Have a Stop (1944)
  • Ape and Essence (1948)
  • The Devils of Loudun (1952)
  • The Genius and the Goddess (1955)
  • Island (1962)

Filosofy

Koarte ferhalen

  • Limbo (1920)
  • Mortal Coils (1922)
  • Brief Candles (1930)
  • Two or Three Graces
  • Little Mexican

Dichtbondels

  • The Burning Wheel (1916)
  • Jonah (1917)
  • The Defeat of Youth (1918)
  • Leda (1920)
  • Arabia Infelix (1929)
  • The Cicadias and Other Poems (1931)

Reisferslaggen

  • Along The Road (1925)
  • Jesting Pilate (1926)
  • Beyond the Mexique Bay

Essays

  • The Olive Tree
  • The Art of Seeing (1942)
  • Tomorrow and Tomorrow and Tomorrow (1952)
  • The Doors of Perception (1954)
  • Heaven and Hell (1956)
  • Brave New World Revisited (1958)